Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: wit Place of Narration: Eastermar
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Auke Roanes fan Eastemar hat op 'e Parsingel in wyt hynder spûkjen sjoen. Der siet in mynhear op mei in wyt befke foar.
nl.verhalenbank.21813
Tsjoensters ride op biezems troch de loft. Seach men in swarte kat, dêr't alhiel gjin wyt hierke oan siet, dan wie dat in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28375
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
As it hurd waeide en der wienen hege baren op 'e Mar (= Burgumer Mar), dan wienen de wite wiven warber, sei heit.
nl.verhalenbank.28396
In man wie op it Bûtlan to Eastemar oan 't murdejeijen. Doe seach er hwat. It wie noait liker as wienen it bulten hea. Tichterby like it in wyt hynder. It forweegde. Hy hie in goeije houn by him, dy't bigong to spûkgûlen. It forskynsel kom oer de dyk hinne. De man makke doe hastich, dat er dêr wei kom.
nl.verhalenbank.20085
Myn skoanheit wenne to Jistrum. It wie in man, dy wie net bygelovich, mar ienkear hat er hwat meimakke, dat wie net gewoan. Hja hienen it húske (de W.C.) achter op 'e telle. Op in kear siet skoanheit dêr, doe seach er dat samar fansels de telledoar iepen gong en ek wer ticht. Skoanheit tocht: Dêr wol 'k mear fan wite. Hy der hinne en doe hat er by de...
nl.verhalenbank.29310
Yn 'e Harkema siet Alle Tet by de lju op 'e skoarstiens, mei in wite kat by har. It wie in greate tsjoenster.
nl.verhalenbank.20486
Nachts rydt der to Eastemar tusken de huzen fan Kees van Dekken en de bruorren Jaarsma in wein mei in wyt hynder der foar mei kûgelsfeart troch de stege. (meidieling fan 'e muoike fan syn wiif, dy 't to Eastemar wenne hat: Tsjitske v/d Meulen)
nl.verhalenbank.12478
Op 'e moanne wenje wite joaden.
nl.verhalenbank.32430
35