159 results
Dutch Keywords: wisseldaalder
Guon dy't in wikseldaelder hienen wienen oan 'e duvel forkocht. Sa'n wikseldaelder gong noait oan ein, dy rekke net op. Hy groeide altyd fansels wer oan. As sokken dea gongen, wienen se foar de duvel.
nl.verhalenbank.25486
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen. De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Stammerige Harm hie èk in wisseldaelder. Dy hied er ek fan 'e duvel, seinen se. Der waerd ek wol biweard dat Harm tsjoene koe, mar ik haw der gjin ûnderfining fan.
nl.verhalenbank.30087
In wikseldaelder krige men fan 'e duvel. Jy wienen dan jou siele kwyt. In wikseldaelder rekken jo noait wer kwyt.
nl.verhalenbank.32147
Guon dy't in wikseldaelder ha sitte noait sûnder jild. Om in wikseldaelder to krijen matte se har earst oan 'e duvel forkeapje.
nl.verhalenbank.32782
De Feanster mannen (de lju fan Surhústerfean) hienen wikseldaelders, woarde der altyd sein. Dat is in jildstik dat net wer by jin wei wol, dat altyd werom komt. Men kriget it fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.32811
Stammerige Harm wenne yn Sweagerbosk. Hy handele yn fodden en bonken. Hy hie in wikseldaelder, dy hie er fan 'e duvel, seinen se. Dêrtroch hied er altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.30972
DE WISSELDAALDER Wie een wisseldaalder in zijn bezit wil krijgen, moet 's avonds naar een kruisweg gaan met een in een zak verborgen kat. Nadat men driemaal langs die kruisweg is gekomen, verschijnt de duivel en die vraagt wat voor dier zich in die zak bevindt. De man die het dier aan de duivel wil verkopen, mag in geen geval het woord kat uitspreken....
nl.verhalenbank.32545
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14782
Wisseldaalder De wisseldaalder was een daalder die de eigenschap bezat, telkens nadat deze was uitgegeven, weer in de zak van den eigenaar terug te keeren. Hij was te verkrijgen in den Sint Jans nacht, op de plaats genaamd "De Kruis", nl een kruispunt van 2 polderwegen, in de "Groote Blok". Men moest zich hier opstellen, en er trok een heele stoet duivels...
nl.verhalenbank.13644
Ien dy't in wikseldaelder hat, hat himsels oan 'e duvel forkocht. De wikseldaelder komt altyd wer by deselde dy't him útjown hat.
nl.verhalenbank.19939
Edzer Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Dêr hat er de namme sint fan krigen, omt er altyd wol sinten om hannen hie. Deselden dy't in wikseldaelder ha, ha har forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.20046
Mei frijmetselaren is dat ek sa. Dy ha ek in wikseldaelder. Dy ha 't jild èk op 'e fingerseinen.
nl.verhalenbank.30973
Een wisseldaalder kreeg je van de kwoade. Dy kreeg je altyd weer. As jy him uitgaf kwam ie fansels weer.
nl.verhalenbank.24407
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425
Op 'e Sumarreheide wennen twa minsken, dy werkten noait. Se dienen noait in slach. Hoe koe dat sa? Hja hienen in wikseldaelder. Jowe se sa'n wikseldaelder út, dan komt er altyd werom. Sa'n wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't in wikseldaelder hat, is oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.30362
Gjert Dalstra (= Lytse Kei) fan 'e Tike wie in frijmitseler. Hy hie him oan 'e duvel forkocht foar in wikseldaelder. Dy wikseldaelder hied er yn in koer en dy koer hong oan 't ûleboerd. Dat ûleboerd wie net ôfmakke woarn. Op in pear plankjes nei. Lytse Kei hie noait forlet fan jild. Alle Maitiden gong er nei Zoutkamp, nei in boer op 'e klaei op 'e bou.
nl.verhalenbank.32602
Boardzer Bruining hat my us forteld, dy't in wikseldaelder ha wol mat sa to wurk gean: Hy mat in swarte kat yn 'e sek ha. Dêr rint er trije kearen mei om 't tsjerkhôf hinne. Dan ropt er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan komt de duvel, dy nimt de kat en jo krije de wikseldaelder. "Ik ha 't us in kear dwaen wold," sei Boardzer, "mar der wie net...
nl.verhalenbank.25436
Fan ien, dy't noait forlet fan jild hat, sizze se: dy hat fêst in wikseldaelder. In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Hy rekket noait op yn 'e beurs. Altyd groeit er wer oan dat de folle waerde wer yn 'e beurs sit.
nl.verhalenbank.31563
157