201 datasets found
Dutch Keywords: wisseldaalder
In wikseldaelder krigen se fan 'e duvel. Dy groeide altyd wer oan. Se moesten oppasse dat se him noait hielendal útjoegen.
nl.verhalenbank.36076
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd. Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
Dy't him oan 'e duvel forkeapet kriget in wikseldaelder. Sa'n wikseldaelder groeit altyd wer oan ta it folle bidrach.
nl.verhalenbank.27392
In wikseldaelder is in ryksdaelder. Dy kriget men fan 'e duvel. Men mat him noait hielendal útjaen. As hâldt men der mar in dûbeltsje fan oer, dan is 't al goed. Even letter is 't wer in ryksdaelder.
nl.verhalenbank.24498
Guon dy't in forboun ha mei de duvel, dy binne kûgelfrij. Sokken ha ek in wikseldaelder. Om dy to krijen matte se nei de ien of oare tsjerke ta - ik wyt net krekt hòkker tsjerke. Dêr matte se in kear of hwat om hinne rinne mei in kat en dan matte se troch de doar roppe: "Kat forkocht! Kat forkocht!" Dan komt der in hân om 't hoekje fan 'e tsjerkedoar. Dy...
nl.verhalenbank.17734
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen. De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
Stammerige Harm haw ik skoan kend. Hy wenne yn Twizelerheide en handele yn âld izer, blik, fodden en al sok spul. Alles wie fan syn gading. As der hwat op in hiem lei dat fandele er op. Hy hie yn 'e iene hân in stôk en mei de oare hâldde er in âld sek beet, dy't him oer 't skouder hong. Dêr die er alles yn hwat fan syn gading wie. In hiele bult âld izer...
nl.verhalenbank.34500
Frijmitselders sette har namme mei bloed wylst se achter dikke muorren sitte. Hja krije altyd jild. Sy ha in wikseldaelder. It opperwezen matte se ôfsweare en de duvel matte se oannimme.
nl.verhalenbank.19492
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425
Stammerige Harm wie oan 'e duvel forkocht. Hy hie in wikseldaelder. Harm hie in âld lears yn 'e skuorre to hingjen. Dy lears dêr wie de boom út. De duvel smiet it jild yn 'e lears en dat kom allegear yn 'e skuorre tolânne. Trochdat de lears noait fol rekke hie Harm sa'n jild.
nl.verhalenbank.23901
Stammerige Harm hie in wikseldaelder, seinen se. Ik ha Harm wol by my yn 't wurk hawn.
nl.verhalenbank.25196
Op 'e Sumarreheide wennen twa minsken, dy werkten noait. Se dienen noait in slach. Hoe koe dat sa? Hja hienen in wikseldaelder. Jowe se sa'n wikseldaelder út, dan komt er altyd werom. Sa'n wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't in wikseldaelder hat, is oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.30362
Die [wisseldaalder] kreej ien de kersnach van iemes. En ge kos ’m zo duk uutgève as ge wou. Hé’j kwam toch weer terug in ow portemenee.
nl.verhalenbank.49662
Jan Wouda fan 'e Keale Wei hat in wikseldaelder. Hy hat altyd presys in daelder yn 'e bûs. As hy der hwat fan útjowt, it is fuortdaelks wer in daelder. Sy fregen him us: "Hoe hast dy krigen?" "Dan mast dy oan 'e duvel forkeapje", sei er.
nl.verhalenbank.23685
Frijmitselers ha har oan 'e duvel forkocht. Jehannes tsyske wie ek frijmetseler. Dy hie ek altyd jild om hannen. Der waerd sein dat er in wikseldaelder hie. De duvel kriget letter de siele fan 'e frijmetselers. Om 'e sawn jier matte se ien deameitsje.
nl.verhalenbank.38298
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Dy hie in wikseldaelder. Se seinen wol dat er frijmitselder wie. De frijmitselders binne forkocht oan 'e duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, mat der by bliuwe. De duvel lit noait wer los hwat er yn 'e kloeren hat.
nl.verhalenbank.33681
Albert Gjaltema fan Gr. Pein hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hie altyd wol sinten.
nl.verhalenbank.31928
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy wikseldaelder wie fan 'e duvel ôfkomstich.
nl.verhalenbank.25801
35