Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
256 datasets found
Dutch Keywords: wild
Ik bin geboaren yn Sweagerbosk. Dêr seach ik yn myn jongesjierren wolris wylde lantearnen. Dy seach ik by 't tsjuster. Ik wie jouns faek op 'e swabber. Letter kommen dêr weinen lâns.
nl.verhalenbank.27394
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Froeger hearde men gauris: dêr brânt in wylde lantearne! De paden dêr't dy dingen sjoen woarden, woarden mijd; in soad minsken doarsten dêr net lâns: it doogde dêr net. It wienen faek plakken, dêr't ien in moard dien hie.
nl.verhalenbank.29384
Yn Surhuzum ha yn 'e herberch by IJe Hulshof in stik of hwat feinten meielkoar it heilich avondmael fierd. It gong der bot oan wei.
nl.verhalenbank.18165
Alde Bearn v.d. Woude wenne yn 'e Parken. Hy fortelde, dat hy seach dêr in ljocht, dat biweegde fan Oast nei West. 't Wie op in joun. Syn frou wie syklik, dy lei op bêd, dy rôp hy der ek by, doe seach dy it ek. 't Wie in wylde lantearne. Letter kaem de tram dêr lâns, dêr wie 't de foarboade fan.
nl.verhalenbank.31939
Wylde lantearnen fan froeger dat wienen de lettere fytslampen.
nl.verhalenbank.17054
Doe't ik jong wie sweefden der altyd wylde lantearnen boppe de heide. As dat it gefal wie, kom der in ûngelok, seinen se.
nl.verhalenbank.23497
Myn wiif har folk seagen froeger allegear wylde lantearnen op 'e Folgersterloane. 't Wie in rige ljochtsjes achterelkoar. "Sjochris," sei skoanmem, "sa'n weinen achterelkoar." Dat woarde letter de tram fan Drachten nei Grins.
nl.verhalenbank.17652
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei. Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Der hienen minsken to ierappeldollen west, dy kamen op in joun thús fan har wurk. It hûs, dêr't nou Tamme Hedzers Hooijenga wennet (myn broer) stie der doe noch net - it hat sahwat yn 1870 west - doe rounen dy minsken troch in âlde drûge sleat, dwars oer, dat wie it koartste. Doe sei der ien: "Sjoch, dêr stekt ien de tútlampe op." Dat wie op 't selde sté,...
nl.verhalenbank.31642
Wylde lantearnen binne foartekens fan huzen of fytsen of auto's.
nl.verhalenbank.34510
Myn suster tsjinne yn Kûkherne as faem. Op in nacht soe se mei Riemke Kroes werom nei Kûkherne ta. Hja hie dy deis efkes thús west. Underweis kom der in wylde lantearne op harren ta. Hja woarden deabinaud. De wylde lantearne passearre harren op in pear roeden distânsje. Hja hâldden elkoar stiif beet. Hwat neijer it kom, hwat banger se woarden. Mar myn...
nl.verhalenbank.33519
De wylde lantearnen dat wienen de foarboaden fan 'e auto's. Ik ha se faek sjoen yn 'e Earnewarren.
nl.verhalenbank.23044
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
De Wilde Jacht De wilde jacht bestaat in het volksgeloof. Hij bestaat uit de jager, den "bosklopper" en een hond. Vroeger ging dit drietal op Pasen en Kerstmis op jacht, en daarom zijn ze gestraft om 's nachts zonder ophouden te gaan jagen. Ze mogen dan niet uitrusten, behalve wanneer ze een huis vinden, waarin een lamp brandt en de deuren openstaan, dan...
nl.verhalenbank.13634
As der in horloazje yn 'e kyp is, dan komt der in deaden (deatikkerke).
nl.verhalenbank.32413
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Bij Aant. 1949, fol. 344c: Gradus van de Pol, 59 jaar (zie ook Aant. 1948, §7, fol. 322), zegt „sinds zijn volwassenheid” kabouters te zien, „wel tien of twaalf keer per jaar”. Hij is invalide, heeft „allerlei rugklachten” en ontvangt een invaliditeitsuitkering waarvan hij als weduwnaar „best kan bestaan”. Buitendien handelt hij - „dat is zijn...
nl.verhalenbank.48591
35