Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
25 results
Dutch Keywords: werpen Place of Narration: Harkema
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.33644
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Teunis Holthuis hjir fan 'e Harkema wie in tige bêste man, mar yn syn jonge jierren wied er los en krekt as syn heit doe't dy jong wie. Mar doe't it to raer mei him gong hat de duvel him der mei bimuoid. Dy hat him in kear pakt en oer de dyk hinne smiten. Dat gebeurde oan 'e Rydloane tusken Harkema en Bomkleaster. Sûnt wie Teunis bikom. Hy woarde in...
nl.verhalenbank.32987
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema. Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns. Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388
Op in kear doe hie Ruerd to timmerjen west. Hy gong de jouns oer de Scholtepaden wer nei hûs ta. Dêr leinen allegearre houtsjes oer de sleatten. Ruerd hie de timmerbak op 'e nekke. Doe't er op ien fan 'e houtsjes stie, woarde hy der samar ôfsmiten mei timmerbak en al. Hy kom yn 'e sleat tolânne. De timmerbak ek. Hy is út 'e sleat weikrûpt en doe is er nei...
nl.verhalenbank.19548
Wibe Alma kom us in kear dronken fan it Jachtfjild, dêr't er yn 'e kroech sitten hie. Hy hie 't dêr raer opsein. Underweis nei hûs ta seach er in hountsje. Doe sei er: "Dat is in duvel." "Der binne sawn duvels," sei er, "ik sil dy dea skoppe." Wibe gong nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. Kei Kooistra, ek ien fan 'e Harkema foege him by Wibe. Dy roan mei him...
nl.verhalenbank.25773
Yn 'e Hamsterheide wenne us in man, dy wie sterk oan 'e drank. Hy spotte altyd mei de duvel. Doe woarde er op in kear samar oer de boskjes hinne smiten, dêr't er foar dea lizzen bleau. It wiif hat him de oare moarns op in karre nei hûs ta brocht. Hy hat gâns in skoft siik west.
nl.verhalenbank.21249
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) is ekris smiten woarn. Dat hied er wol fortsjinne. Ruerd wie in beul fan in keardel, dy't syn wiif skandalich bihandele hat.
nl.verhalenbank.32985
Wibe Alma miende dat Griet yn 't sângat siet en doe wie 't de kweade. (Hy hie doe forkearing mei Griet) De kweade hie skattere krekt as in ekster. Wibe is ek al us in kear smiten woarn by de lange Wyk. Hy woarde samar oer 't wetter hinnesmiten.
nl.verhalenbank.23913
Alde Wibe Alma is ek alris smiten woarn. Dy makke it der sels nei, 't wie in goddeloazen-ien.
nl.verhalenbank.29331
Sytse Jager fan 'e Harkema wie in los man. Hy is yn 'e oarloch troch de poepen deasketten woarn. Op in kear is er troch de duvel smiten woarn fan 'e iene kant nei de oare kant.
nl.verhalenbank.21142
Doe't myn omke Sytse Jager smiten woarn is, fortelde hy letter: 't Wie gjin minske dy't it die, oars hie 'k him deastutsen. Mar ik koe him net reitsje.
nl.verhalenbank.33410
Us Sibe-om syn heit ha se wol us boven oer de beammen hinne smiten. Jouns moest hy der faek út. Dan gong er nei 't achterhûs ta. Dêr moèst er dan hinne. Hy wie bot oan 'e drank. De duvel krige him en smiet him. De duvel focht ek mei him. Dan wied er bont en blau en alhiel biblet. Hy wie koetsier to Surhústerfean. It gebeurde faek, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.21325
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk. In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
26