Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: wegrennen Place of Narration: Harkema
By de Mulders, op it Wytfean wie ien út 'e Harkema oan it hôfkesjongen. It wie Albert Schievink. 't Wie midden yn 'e nacht, en hy siet yn 'e apelbeam. Doe hearde er smiten mei amers en bussen op 't potrak. "Heden," tocht er earst, "hoe kin dit. Is 't sa let al, dat se to melken sille?" Mar doe hat er hwat sjoen, dat er letter noait fortelle woe. Hy is...
nl.verhalenbank.17457
Doe't Hindrik Holthuis noch feint wie, wie 't in los man. Op in kear kom er fan 'e Ham. Hy hie in buorrel op en dan stie er nergens foar. Tseard van Dekken wie doe stille plysje. Tseard en Mekke Anne seinen doe tsjin elkoar: "Wy wolle Hindrik us goed binaud ha." Sy gongen oer de Skeanpaden fan de Ham nei Hamsherne. Dêr seagen se dat se in wyt lekken...
nl.verhalenbank.21131
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him. Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
nl.verhalenbank.21252
Ik ha 't ris bileefd, doe wie 'k tichte by in dobbe by de Fjouwer Wringen. Midden yn dy dobbe wie in djippe put groeven. Dêr kaem in man oanrinnen, dy roan lyk op 'e dobbe ta en forsonk yn 'e put. It wetter buorrele. De man kaem der wer út en roan fierder de Lange Loane út.
nl.verhalenbank.17524
De klompen moesten fóár de nacht by ús altyd omkeard wurde, oars roannen oaren der yn om.
nl.verhalenbank.22276
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult. Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen. De âld...
nl.verhalenbank.29326
As wy, doe't wy bern wienen, in eintsje tou lizzen seagen, dêr't knopen yn sieten, dan roannen wy dêr mei in greate bocht omhinne. Hwant de koarts koe der wol us yn biknope wêze en kommen wy dêr to ticht by, dan koenen wy de koarts krije.
nl.verhalenbank.17544
Der wie us in winkelfrou yn 'e Harkema, dy liende moal en oalje oan in oare frou, dy't by har yn 'e winkel kom en pankoekbakke woe. Doe't se drok oan 't bakken wie, kom der in kat by har oan. Dy kat sei: "Pankoekbakke en 't moal to boarch, kin dat bistean?" De frou sei: "Ja, wol poes ek ien ha?" En hja smiet de kat in gleone pankoek om 'e kop. De kat...
nl.verhalenbank.21239
Sytse Jager wie oars net in minne jonge. Mar as er in slokje op hie, dan wie 't in raren. Dan wied er ta alles yn steat. Op in kear kom er dronken út 'e kroech op it Jachtfjild. Doe is er oer de sleat smiten woarn en hy kom op in stobbe tolânne. Dat gebeurde sahwat by de bakkerij fan Rienk de Boer, op 'e hoeke nei 't Wytfean. Sûnt dy tiid wie Sytse altyd...
nl.verhalenbank.20678
Yn 'e Hamsterheide wie in fanke oan it útinoarstruijen fan mollebulten. Doe kom der in âld wiif by har. Dy frege har: "Fynst wol us hwat?" "Né" andere it fanke. "Dan mast mar us ûnder d_ mollebult sjen." It fanke die it en doe foun se twa botsens. Mar doe nom it âld wiif it fanke de mûtse fan 'e holle en flybke der yn. Mar it fanke wist, dat it âlde wiif...
nl.verhalenbank.21258
35