Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: water spoken Place of Narration: Drachten
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is. Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Us Hindrik-om fortelde, dat syn heite broer hie us op it fjild west yn Houtigehage. Doe hie dêr in hiel lyts brún hountsje by him lâns sweefd. 't Gong op 'e feart yn. "Hwat mastû, lytse kleine?" hied er sein. Mar it hountsje wie samar fuort west, krekt as wie 't yn 'e feart wei woarn. Krekt trije wiken letter kom syn heit presys itselde oer. Doe like it...
nl.verhalenbank.17744
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
nl.verhalenbank.24548
Wy leinen us yn Koudum tsjin 'e brêge oan. Hja hienen ús ris forteld, dat dêr yn 'e nacht in keardel fan 'e brêge yn 'e feart sprong. Ik en myn maet leinen yn 't skip. 't Wie moai waer, doe hearde ik om in ûre of tolve, ien in greate plouns yn 't wetter. Ik sei tsjin myn maet: "Dêr springt dy keardel fan 'e brêge. Dat wol 'k sjen." Ik der út, myn maet...
nl.verhalenbank.24550
Op in joun wie der by de Saiter in persoan, dy woe oerset wurde. 't Wie mistich waer. Oan 'e oare kant lei in aekje. It fanke seach deselde dy't oerset wurde woe en hja gong der mei 't roeiboatsje op ôf. Mar doe waerd se sa kjel, hwant dyselde persoan dy sweefde. 't Wie de Lange Sleatterman. Hja is 't fan kjellens bistoarn.
nl.verhalenbank.29639
Us heit wie skipper. Wy leinen yn Haulerwyk. It wie tusken de maeijen. Heit fortelde: Yn 'e nacht moest ik der even út. Ik skoude it lûkje iepen en kom omheech. Dêr seach ik in wite gedaente, dy kom út it hûs oan 'e oare kant. Dy dûkte ûnder wetter troch. Even letter kom er werom. Heit woarde ôfgryslike kjel. Pake holp him de oare deis út 'e dream. Der...
nl.verhalenbank.22144
35