77 datasets found
Dutch Keywords: water Place of Narration: Drachten
Yn 'e buert fan 'e Poffert en 'e Pankoek oan 't Knjillisdjip ha guon minsken us in stem út it wetter heard. Dat fortelde ús in âld minske. Der woarde sein: "De tijd is verschenen, en de man is der niet." It duorre even, doe wie der in keardel op in hynder oandraven kom yn fliegende faert. Doe rekke 't hynder op 'e kop yn 'e feart en 't fordronk mei de man...
nl.verhalenbank.24658
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
nl.verhalenbank.33331
Myn beppe hie in suster. Dy forfarde nei Amerika ta. Hja skreau beppe yn in brief, hja hie ûnderweis op sé in sémearmin sjoen. Hja is dêr yn Amerika omkaem.
nl.verhalenbank.33696
Ergens yn Fryslân lei ris in skipper mei syn skip. It bigoun to winterjen en 't waerd allegear iis. De skipper koe dêr net wer wei komme. Wiken en wiken lei er dêr. Doe sei er: "Ik liz hjir achttsjin wiken ta miner skea." Doe krige dat plak de namme Minnertsgea.
nl.verhalenbank.33047
Heit fortelde, yn 'e Westerein hie in man west, dy syn wiif wie der alle nachten op út. Mar de man wist fan neat. As er wekker waerd, dan lei der in kouwepânse njonken him op bêd. Hy tocht al us: "Hwat kin dit bitsjutte." Doe op in kear geat er in amerfol siedend wetter oer dy kouwepânse hinne. Doe wie 't wiif der yn tûzen hasten oanstouwen kom, hymjend...
nl.verhalenbank.19323
Sterke Ynse fan Bakkefean ha 'k wol kend. Myn omke Klaes Schriemer hie feanterij yn Bakkefean. Yn 'e Mieumerswyk farde in skip, mei turf biladen. Doe kom dat skip foar in daem, doe koe 't net mear foarút. In stik of hwat mannen wienen al oan 't lûken oan 'e iene kant, mar sy koenen gjin biweging yn 't skip krije. Doe kom sterke Ynse der oan. De skipper...
nl.verhalenbank.19684
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
nl.verhalenbank.36908
Ik wie us op in nacht to murdejeijen op 'e Wide Pet. Ik hie in hiele bêste houn. Doe siet dêr hwat yn in beam, dat sprong der út, doe't wy oan dy beam skodden. De houn wie in monster en foar neat bang. Hy snapte dat ding en sprong der mei yn 't wetter. Dêr hat er wol in healûre mei dat ding fochten. Doe't de houn wer út it wetter wei kom wied er...
nl.verhalenbank.23487
By de Skieding hienen jo twa dobben. Oan 'e iene kant fan 'e wei wie de Janke-dobbe, oan 'e oare kant de Tryntsje-dobbe. Der wie in sekere Janke, dy hie in feint. Dy feint hie de forkearing mei har út makke, en doe hat Janke har dêr forsûpt. Sa hat dy dobbe de namme fan Janke-dobbe krigen. Sûnt hja har dêr forsûpt hat, spoeket it dêr. Yn 'e oare dobbe ha...
nl.verhalenbank.26058
De trije tosken yn 't reid binne fan in ezelsbeet. Doe't Noach de ezel út 'e arke weiliet wie 't earste dat er krije koe reid. 't Wie fierder allegear wetter. Sûnt kin men altyd noch de toskleasten yn 't reid sjen.
nl.verhalenbank.32944
By de Boelensloane hat men it Dwarsdjip. Dêr lei in dam yn, dêr moesten de minsken oer. Kom dêr ien by nacht, dan stie der op dy dam in wyt ding, sa great as in skiep. Dat woe de minsken keare. In man fortelde, hy hie prebearre der lâns to kommen, mar it wie wol mis gien. It wite ding hie him yn it Dwarsdjip smiten.
nl.verhalenbank.23479
Ik tsjinne yn Gaaikemaweer. 't Leit yn Grinslân, achter Niehove. Ik wenne doe by myn skoanâlden yn. Skoanheit en ik wienen arbeider by deselde boer en syn dochter wie dêr faem. It arbeidershúske dêr't wy yn wennen stie in twintich menuten geans fan 'e plaets ôf. Skoanheit krige wurden mei de boer (Tilma) en rekke lulk fuort. Doe makke ik my ek lulk, hwant...
nl.verhalenbank.19849
Myn omke Auke Schievink wie in raer man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy is tachtich jier woarn. Altdy wied er oan 't flokken. Op in joune-let soed er nei hûs ta. Doe kom der him ûnderweis ien tomjitte en dy smiet him yn 'e feart. Dat wie de Feanster feart. Deselde dy't him smiet hie gjin hannen hawn, sei er. It is wol sauntich jier lyn dat it gebeurde. Omke...
nl.verhalenbank.29391
Piter Scheper koe de hoannen kraeije litte. Dan kraeiden se sa bot, dat sy gappen der op it lêst oer. As er de pik op ien yn hie, dan koed er sa'n ien raer narje. It gebeurde wol dat, as sa'nien ûnderweis wie, dat it ynienen allegear wetter foar him wie. In sé fan wetter. Dan die sa'n ien de klean mar út en wâdde sa troch 't wetter hinne. Piter Scheper...
nl.verhalenbank.19680
Bearn van der Woude kom op in saterdeijoune út 'e winkel wei. Hy wenne yn Driemunt, yn in âlde woanwein. Underweis woarde er samar fan 'e wei ôfslingere en oer in sleat hinne goaid. Dêr hie in lykstaesje west. Hy hat it my sels forteld.
nl.verhalenbank.26114
Der hat hjir in man wenne, dy sei altyd, hy soe hjir nochris ûnforwacht weireitsje. Op in kear joech er de kij twa ammerfollen wetter. Doe't er dat dien hie soed er wer op 'e mjilling stappe, doe sei er: "Dêr ha jy 't gedonder al." En dea wied er.
nl.verhalenbank.37027
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait. De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje." Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn. Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch. "Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
nl.verhalenbank.26116
Yn Eastemar stienen guon by 't wetter. Doe hearden se in lûd. Der woarde sein: De tijd is verschenen, de man is er niet. Even letter rekke der ien yn 't wetter dy't forsûpte. 't Wie yn 'e tiid fan 'e donkere hjerst.
nl.verhalenbank.23480
Yn Jirnsum stienen ris guon by de brêge. Doe hearden se dat der sein waerd: "De tiid is der wòl, de man is der net." Dy wurden kamen út it wetter. Fuort dêrnei kaem der in seas oanfleanen en dy rekke by de brêge del yn 't wetter. De man dy't der yn siet is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.36700
Yn Drachten mat it gebeurd wêze dat der út it wetter in stem heard waerd, dy sei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe mat dêr in skoftsje letter ien fordronken wêze.
nl.verhalenbank.36648
35