Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
90 datasets found
Dutch Keywords: wakker nacht
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Op ‘Eeskwerd’ wie wol nachts geklop en fremde lûden, foaral yn 'e foarkeamer. Op in kear wie Idske Sysling by ús útfanhûs. Wy soene de oare deis nei it ‘festival’ yn Oranjewâld. Om tolve ure hinne, grypte se my by de linkerearm en rôp: “Hwat is dat?” Ik sei heit nei:“Dat binne de mosken yn 'e klimop en de wyn, dy gûlt troch de sinneblinen.” Mar it kloppe...
nl.verhalenbank.50523
't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Ik droomde, ik wie stoarn en sy brochten my nei 't tsjerkhôf. Ik seach àlles wol. Ik seach dat se myn lichem oan 'e ierde tabitrouden. Mar myn siele gong nei de himel. Op 't lêst wie ik yn 'e ûneinige rûmte en ik mar rinne en rinne. Doe kom ik ynienen foar in hiele greate skoudoar to stean. Dêr stie op: Hemel. Der kom...
nl.verhalenbank.28467
Pleachbeesten wienen yn 'e nacht warber. 't Wienen beesten, swart fan kleur, mei egen sa great as thépantsjes. Dy fleagen de minsken samar oan.
nl.verhalenbank.31650
Heit fortelde, yn 'e Westerein hie in man west, dy syn wiif wie der alle nachten op út. Mar de man wist fan neat. As er wekker waerd, dan lei der in kouwepânse njonken him op bêd. Hy tocht al us: "Hwat kin dit bitsjutte." Doe op in kear geat er in amerfol siedend wetter oer dy kouwepânse hinne. Doe wie 't wiif der yn tûzen hasten oanstouwen kom, hymjend...
nl.verhalenbank.19323
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei. Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
Ergens was een kind bekold enzovoort, enzovoort. Die vader gaf zijn kussen aan het kind. Dat sliep daarop rustig. Hij nam het kussen van het kind, maar kon twee nachten niet slapen, terwijl zijn vrouw, die naast hem sliep, telkens wakker schrikte, en dan was het alsof er met nagels langs haar gezicht gekrabd werd. Alles verbrand. Patiënt beter. (Vrouw...
nl.verhalenbank.9259
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra. Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern. Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Oan dizze kant Drachten wenne in faem by de boer, dy gong der yn 'e nacht altyd ôf. Dan gong se nei de dobbe ta om wetter to heljen en dan bigong se to dweiljen. Sy moest dan earst oer in feart hinne, dêr't in planke oer lei. Hja die 't yn 'e sliep. Der wenne ek in feint by dy boer, dy hie syn nocht dêr fan. Hy woarde der nachts wolris wekker fan, as er...
nl.verhalenbank.27637
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
As heit it oer sokke dingen hie sei mem: "Dû mast dy dêr stil oer hâlde. Dêr meije wy net oer prate." Mem hie der in hekel oan. As hy der yn 'e nacht op út west hie, sei mem: "Hè, hwerom hast der nou wer út west?" Mar hy koe net oars, hy moest it sjen.
nl.verhalenbank.27551
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy moesten fan to foaren bigraffenissen sjen. De needsaek twong har ta 't bêd út. Sa'n man wie Knjillis Veenstra fan Twizelerheide. Hy wenne by 't spoar.
nl.verhalenbank.33524
Der wenne in man yn 'e Westerein, dy moest der nachts faek út. Dan woarde er kloppe, sei er, dan wie der in lykstaesje ergens to sjen. Sa'n lykstaesje moest hy sjen. Hy koe altyd foarút sizze hwer't in bigraffenis kom.
nl.verhalenbank.33135
Yn Jobbegea haw ik in frou kend, dy gong nachts út bêd wei. Dan mòest se hwat sjen.
nl.verhalenbank.28267
Der wenne in boer yn 'e omkriten fan Drachten. Japik Ingberts wie by him yn 'e tsjinst. De boer hie tsizen op 'e buorden stean. Op in nacht hearde de boer hwat. Hy der ôf en mei de foarke om 't hûs hinne. Dêr roan er Japik Ingberts tsjin 't liif. Dy hie al twa tsizen stellen. "Hwat mastû?" frege de boer. "Nei de faem", sei Japik Ingberts. "Man, hwat...
nl.verhalenbank.21241
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht. Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen. Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
nl.verhalenbank.28607
Guon bern wurde mei de helm geboaren. As dy helm fuort by de geboarte forbrând wurdt, hoeve sokke lju der letter nachts net ôf. Oars matte se alles sjen.
nl.verhalenbank.29478
Knjillis Veenstra wie in omke fan my. Dy moest alles sjen. Dat hied er ta straf krige. Hwant hy wie yn syn feintejierren och sa wilewalich en in forwoest man. Hy hat njoggen bern forlern en dat hat er allegear foarsjoen. Seis wiken fan tofoaren hat er it wol foarsjoen. Dan wie hy der nachts ôf en harke der nei as dy en dy noch wol leefde. Fjouwer...
nl.verhalenbank.19424
Vertelster is een Thaise vrouw van 30 uit Rotterdam en vertelde mij haar spookervaringen: In Thailand maakte ze mee dat een jongen (een bekende van haar) overleden was. De 3e dag na z'n dood liep ze rond 23:00 uur samen met een vriendin richting huis. Opeens hoorden ze allebei de stem van de jongen haar naam roepen, maar zien niemand. In Nederland maakte...
nl.verhalenbank.45832
35