Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: wagen Place of Narration: Twijzelerheide
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Eibert Veenstra wenne ek yn 'e Westerein. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hy wie boer en fékoopman tagelyk. 't Wie yn 'e hjerst en om by him to kommen moest men in hiele smoarge modderreed lâns. 't Wie in hiel ein en 't wie ien en al brabze. Hindrik van der Veen ried altyd mei bargen nei Ljouwerter merke ta. Op in kear soed er bargen fan Eibert ophelje. 't...
nl.verhalenbank.27387
Japik Ingberts wie in greate dief. Dy stiel alles by elkoar. Hy hie ris wer hwat bidreaun. Doe sochten de plysjes him mei hynder en wein. Hja sochten him tusken Ljouwert en Burgum. Mar hja koenen him net fine. Doe wie dêr in man op 'e wei west, dat like in foarname hear. Hy hie in hege hoed op hawn, it like wol in doomny. Dy mynhear hâldde de plysjes oan...
nl.verhalenbank.28707
Egbert Golo wie mar in lyts mantsje. Mar 't wienen allegearre spieren. Hy wie oersterk. Hy hie buorkerije. Op in kear doe wienen der trije jonge bazen, dy seagen Egbert Golo oankommen mei hynder en wein. Sy seinen tsjin elkoar: "Nou kinne wy in moaije grap ha, dan wite wy ek, hoe sterk hy is." Doe lei dêr in dikke, grouwe beam, dy wie ôfkapt. De trije...
nl.verhalenbank.28846
Wytse Meerstra fan Twizel wie tige sterk. Op in kear kaem er mei in foer hea thús, dat koenen se net ta de skuorre yn krije. 't Bleau oan ien kant stykjen foar de yngong. De hynders koenen it der net wei krije. Doe sette Wytse syn rêch ûnder 'e wein en sa sette er 't hiele foer oerside. Doe koe 't by 't kezyn lâns yn 'e skuorre komme.
nl.verhalenbank.37653
Ek us in kear doe sieten de plysjes achter him oan. Japik Ingberts siet by in boer op it potrak - dat wie in peal mei in rad - en hâldde in praetsje mei de frou. "Kenne jo Japik Ingberts ek?" frege de frou. Hwant dêr wie se binaud foar. "Nou," sei er, "dat ik him net ken, kin 'k net sizze. Mar hy sit al op it rad, hear!" Doe wie de frou gerêst.
nl.verhalenbank.23426
Alde Foppe van der Ploeg syn heit fan Koatstermoune fortelde, Hearke hie ris in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.38638
De dichter Joost van den Vondel moest nei Leiden ta. Hy wie to gean, mar doe kom der him in man achterop mei hynder en wein. Vondel tinkt: "Miskien kin 'k mei ride." Hy koe de boer wol, dy't op 'e wein siet. Dat wie net sa'n bêsten ien. Nachts dan forweide er syn beesten yn in oar syn lân. Dat wist Joast allegear wol. "Kin 'k ek mei ride?" frege er. De...
nl.verhalenbank.28399
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte. Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!" Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes. Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei. "Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan." Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean. Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Yn Grinslân hienen jy spûkskuorren. Dêr koenen jy nachts net wêze. Jy waerden fan 't plak smiten. De weinen rieden dêr samar út harsels oer 'e telle by nacht. De tsjerne bigoun út har sels.
nl.verhalenbank.37665
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
It is faker as ien kear gebeurd dat by 't dongriden it hynder de wein mei dong net út it skerngat krije koe. Dan die Atse-om it hynder foar de wein wei en hy nom it tiksel yn 'e hân en hy luts de folladen wein der út. Dan spande hy it hynder wer foar de wein, dat koe 't dan fierder wol lûke. Mar as 't der op oan kaem dy híj it. Doe't er 80 wie hied er al...
nl.verhalenbank.34469
Fokke ried ris mei in weinfol baelders. Doe briek der ûnderweis in rad fan 'e wein. Doe krige Fokke it rad beet en tilde dat op wylst er it hynder mende en dat hâldde er sa fol oan hûs ta.
nl.verhalenbank.38335
Fokke Veenstra moest omke sizze tsjin Bontsje Keke (= Knjillis Veenstra). Fokke wie ôfgryslike sterk. Op in kear brochten seis spoarwachters yn 'e Westerein in stik izer by 't spoar wei. En dat brochten se op in plak dêr't Fokke Veenstra lâns moest. Hja woenen ris sjen hoe sterk as er wie en forburgen har. It stik izer lei Fokke yn 'e wei. Hy moest dêr...
nl.verhalenbank.38334
35