Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen Place of Narration: Kollumerzwaag
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken. Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
nl.verhalenbank.24711
As wy as bern to ticht by de sleat kamen, seinen se: "Pas op, de kikkerts pakke dy." Wienen wy noch let bûtendoar, dan wie 't: "Gau yn 'e hûs, oars pakke de berndieven dy." Of: "de doddeaden pakke dy!" Kamen wy yn 'e rogge, dan seinen se: "Gau der út! It roggewyfke pakt dy!"
nl.verhalenbank.25192
Se seinen altyd, as men op in pod trape, kom der tonger.
nl.verhalenbank.29543
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. 't Wie in tante fan my. Fedde de Vries (de bikende krûdedokter) is letter yn har hûs kom to wenjen. Heit sei: "Noait muntsjes opite dy't dat minske dy jowt. Dy binne bitsjoend." Wy hienen duveldrek foar har ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24891
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
It gebeurde hiel faek dat as guon ûnderweis wienen, der ien sei: "Even oan kant gean, der komt in lykstaesje oan." Dan seagen de oaren dy lykstaesje net.
nl.verhalenbank.29521
Der woarde ús al hiel jong leard, noait midden op 'e wei to rinnen. Hwant it koe gebeure dat der in lykstaesje oankom en dan woarde men oan kant set.
nl.verhalenbank.22678
As bern ticht by 't wetter kommen, waerd der sein: Tink der om, de kikkerts pakke dy. Woenen se jouns net yn 'e hûs dan waerd der sein: "Aenst pakke de berndieven dy." Ek wol: "De doddeaden pakke dy!"
nl.verhalenbank.25842
Wy waerden froeger altyd warskôge foar sweltsjeaeijen. "Kom der net oan," seinen se, "dy binne feninich." In sweltsjenêst mocht net útroege wurde, dat brocht ûngelok. It hûs dat in sweltsjenêst hat baernt noait op.
nl.verhalenbank.25843
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne. En as der in reed oer in stik lân gyng, rounen wy by jountiid oer it gers, net oer de reed, hwant der wie gjin rûmte genôch op sa'n reed om in lykstaesje passeare to kinnen.
nl.verhalenbank.29925
Men mat net altyd yn 'e spegel sjen. Makket men der folle gebrûk fan dan kin it gebeure dat men in klets krijt. In spegel is in nuver ding.
nl.verhalenbank.25375
It gebeurt soms wol us, dat ien dy't to hôf brocht is de rêst net fynt. Dan komt er wer. Meastal mat er dan hwat ha. De doomny freget him dan wol faek hwer't er forlet fan hat. Dan neamt er dat. As men him dat jowt komt er net wer. Mar men mat goed oppasse hoe't men it him jowt. Men mat it yn in bûsdoek byelkoar rolje en in tippe fan 'e bûsdoek fêsthâlde....
nl.verhalenbank.25362
Guon lieten mei skoppenboer in flesse drank komme. Dat wienen duvelskunsten. Der gong in lege flesse fuort en der kaem in folle flesse werom. Deselde dy't de lege flesse mei de kaert der oan weiset hie mocht de folle flesse net oannimme; dat moest ien fan 'e oaren dwaen. Waerd dat net dien, dan gong it raer mei deselde dy't de lege flesse oerjown hie. It...
nl.verhalenbank.29940
Men mat noait midden op 'e wei rinne as it donker is. Jy kinne dan wol ris oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.25373
Yn Dokkum woonde Trien-mooi. 't Was een tsjoenster. Se rookte ook wel een piepe. Een test, daar spuide se in. As kienders sagen wij bij haar door 't raam hin. Trienmooi streek altyd over myn haar en myn rug. Dan sei se: "Wat bistou een mooi famke, wat bistou een leaf famke." Moeke sei: "Denk der om, kom niet te dicht bij haar 't is een ouwe tsjoenster."...
nl.verhalenbank.24284
Dy't nachts op in paed wie, moest noait midden op 'e wei rinne. Oars koed er oan kant reage wurde. Dat gebeurde troch in ûnsichtbere hân.
nl.verhalenbank.32222
Jo matte noait Jan en alleman by 't fé litte, binammen net by fette keallen. Der binne guon, as dy se oer de rêch strike, dan wol 't net mear mei 't fé. Sokken ha de kweade hân. Dêr mat men altyd foar oppasse. Ik bin der wol foar warskôge. Ek net by bargen litte. Sokken ha konneksjes mei de duvel.
nl.verhalenbank.25366
35