79 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen voorloop
Klein Haarhuis: Joa, dat klopt, n zeker aantal leu, dee könt dat zeen ... alle hebt de gave. Ik was moal bie ten Coat en nen machtign tank mos doar komn, dat was nen tank, den wöag zeker wa twintig ton, ne geweldig grootn waag, ne politiescorte d’rbie, den kwam doar oet ne kwekeriej, doar oet Hollaand, oet Westn, Westzaan of doar en ze woln hem bie ouns...
nl.verhalenbank.128490
Mem har beppe wie mei de helm geboaren. Hja woe noait lije dat mem en dy by 't tsjuster midden op 'e wei roannen. Hwant dan koenen se tsjin in lykstaesje oprinne en in rare stomp krije. Mem har beppe seach lykstaesjes fan tofoaren. Hja hat ek sjoen hoe't har eigen soan op in skip fordronken is. Hja sei de deis fan tofoaren noch tsjin him: "Dû mast der...
nl.verhalenbank.37750
Douwe Stavasius fan Grinzer Pein seach lykstaesjes. Boardzer Bruining fan Boelensloane ek. Dy leeft noch. Men mat noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme, sûnder dat men it sjocht. Dan wurde jo fan 'e wei ôfsmiten.
nl.verhalenbank.25234
Der wienen wol mear lju dy't hwat seagen by nacht, sûnder dat dat bikend woarde. Ik ha faek fortellen heard, as sa'n ien ûnderweis wie mei in oaren, dat er dan soms sei: "Even oan kant gean." Dan seach er, dat der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.29802
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels. Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
Us heit hat faek forteld fan lju dy't ûnderweis wienen mei oaren yn 'e nacht en dat der dan ien sei: Even oan kant gean. Der mat in lykstaesje passeare. Sûnder dat de oaren it seagen.
nl.verhalenbank.29583
Veurloop. Heur ie non nich veule meer van, man ik heb toch wol zo t ain en ander zain. Wie wurn as kinder wol es woarschouwt, um gain appels aan te nemen van dai wat soort vroulu. t Kun man zo gebeurn, da-je dan zaik wurn.
nl.verhalenbank.44551
Wy mochten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't ús oanrame koenen.
nl.verhalenbank.20376
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Ik zel joe eerst verteln, wat hier vrouger in Wedde veurvaaln is. Vrougg in de mörn voart dr ain karre over t stroade. Vouerman zit wat te dommeln in zokzulf, is hoast nog gain mens op pad. Opains blift t peerd stoan. Man kikt en door zug hai, dat n klein vrouwmens in t wit zien peerd bie de kop vast holt. “Dat is ja roar”, denkt e, “wat mankaiert dat...
nl.verhalenbank.46227
Nachts mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris tsjin in lykkoets oanrinne.
nl.verhalenbank.29637
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
nl.verhalenbank.30366
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme. Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.32017
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Alde Feddema fan 'e Bûtenfjild sei: "Tink der om, rin noait midden op 'e wei by nacht, hwant dan kinst tsjin in lykstaesje oprinne."
nl.verhalenbank.37874
35