Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen nacht Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Der waerd ús altyd foar warskôge noait midden op 'e wei to rinnen by nacht fanwege lykstaesjes.
nl.verhalenbank.36707
Der woarde ús as bern al yndruid: tink der om, rin nachts noait op 't midden fan in paed, mar altyd op 'e kant. Hwant oars kinne jim oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29385
Men mat yn 'e nacht noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.24674
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Der waerd de minsken froeger altyd foarhâlden: Rin noait midden op 'e wei by nacht. Alde Hindrik de Vegt wenne by de Oerterper feart. Hy gong yn 'e nacht de Modderwyk lâns. Doe passearde dêr in lykstaesje. Hy woarde samar yn 'e brede wyk smiten.
nl.verhalenbank.24944
Yn Uthuzen (Gr.) wie in spoekskuorre. Dy neamden se de skuorre mei de wite doar. Us heit en dy ha der wol west to sliepen as se dêr op 'e bou wienen. De lju dy't dêr slepten moasten altyd sà fier fan dy doar ôfbliuwe. Dêrom hienen se dy doar wyt ferve. As der guon opnij kommen to sliepen woarden dy altyd warskôge foar de rûmte by dy doar, dêr't net ien...
nl.verhalenbank.19705
Froeger hearde ik faek forhalen fan minsken dy't by nacht midden op 'e wei roannen. Dy wienen foar by de lykwein opflein en der achter wer by del knoffele. Wy waerden altyd warskôge: Tink der om, rin by nacht noait midden op 'e wei. Ik rin nòch altyd oan kant.
nl.verhalenbank.36913
35