Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen lijkstoet Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Der woarde ús as bern al yndruid: tink der om, rin nachts noait op 't midden fan in paed, mar altyd op 'e kant. Hwant oars kinne jim oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29385
Men mat yn 'e nacht noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.24674
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Joeke Spoekgûler wenne to Drachten op 'e Dwarsfeart. Dy seach oerdei de spoeken foarút. Dan warskôge er de minsken dat se op dy en dy ûre net midden op 'e wei rinne moesten. Hy seach lykstaesjes. Hy seach ek neakene minsken. Dat wienen guon dy't gjin deaklean oan krigen hienen.
nl.verhalenbank.33219
Lubbe van Duinen fan 'e Grinzer Pein sei: "Rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinne jo tsjin in lykstaesje oprinne." Ik wyt ek noch dat er ris sei: "Der hat ek wer in houn sa spûkgûld. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.27490
By jountiid mat men noait midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin men oan kant stompt wurde. Yn 'e Wylgen is sa ris ien fan 'e wei smiten woarn. Letter kaem dêr dan in bigraffenis lâns.
nl.verhalenbank.29642
Der waerd de minsken froeger altyd foarhâlden: Rin noait midden op 'e wei by nacht. Alde Hindrik de Vegt wenne by de Oerterper feart. Hy gong yn 'e nacht de Modderwyk lâns. Doe passearde dêr in lykstaesje. Hy woarde samar yn 'e brede wyk smiten.
nl.verhalenbank.24944
35