Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Buitenpost
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
nl.verhalenbank.38430
Yn 't Wêst to Bûtenpost wennet in frou, dy hyt fan Tiet. Har man is in Klunder. Dy hat okkerjiers nei 't se sizze in frommes yn 'e Harkema bitsjoend en nou foar in fjouwer jier ús buorfrou hjirre.
nl.verhalenbank.16496
In tsjoenster mat ien kear yn 'e sawn jier ien dea meitsje, oars giet se der sels oan. Dêr't sawn froulju op elkoar folgje is ien in tsjoenster fan.
nl.verhalenbank.19475
Harm syn eigen wiif hat forteld, earst, yn 't bigjin fan 'e nacht, lei Harm njonken har op bêd. Mar even letter wie 't krekt dat der in koepânse njonken har op bêd lei. Dan wie Harm der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.22973
Achter syn hûs stie in âld hûs, dêr wenne Klaes Jippes yn mei 't wiif. Yn 'e nacht sei hja: "De hiele baelderbult sjit út." Hja hearde klear dat de baelders allegear nei ûnderen ta rûgelen yn 't hok. Doe't se der hinne gongen to sjen mankearde der neat oan 'e bult. 't Hie Jehannes syn wurk west.
nl.verhalenbank.38422
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt. De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen. It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
7