Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: vrouw angst
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Der wenne by ús in âld-minske, dat wie Simke Mathuzen. Dat wie in tsjoenster. As se by de wei stie, doarsten wy as bern net by har lâns. As se ien hwat joech foroare dat yn in pod, seinen se. Men moast de earste hap útspije.
nl.verhalenbank.21032
Hjir yn 'e Harkema wenne in feint, dy kom op in nacht fan 'e froulju werom. It wie sahwat 2 ûre en ljocht waer. Doe't er de doar achter him ticht die, seach er in lyts famke. Hy tocht dat it syn susterke Tryn wie. "Soest my ophelje, Tryn?" frege er. Mar sy sei neat. Sy gong deselde kant út dy't hy út moest, mar sy bleau in eintsje foar him op rinnen. Doe...
nl.verhalenbank.15531
De minsken wienen bang foar pake Hindrik Ophuis. Se hienen him allegear yn 'e rekken, omdat er tsjoene koe. Op in kear gong er nei Willem Hiemstra ta. "Hy mat net by ús bargen komme!" rôp it wiif. Mar hy wie der al. "Moaije bargen," sei er, "moaije bargen." En hy streake se mei de hân oer de rêch. En dêr hienen jy 't al. De beide bargen woarden siik....
nl.verhalenbank.12317
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Ien fan 'e Tike hat my forteld: Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
7