Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Opende
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap. Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?" "It sweeft", sei de soan. "Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Yn 'e Omloop seagen de minsken nachts om tolve ûre altyd in frou. Dy hong dêr oer de hekke hinne. De measten doarsten dêr by nacht net lâns. Dy frou dy wie dêr fordronken om it omstapke fan 'e wringe. Dêr wie se útgliden. 't Gebeurde achter Surhústerfean by de Trije Roede.
nl.verhalenbank.38684
Der was us in wyf west in Luxwolde, die was sturven. Dat wyf had de begeerte had, se moest dat met hebben as se dood was. Moar dat was niet gebeurd. Doe had se de loop daar weer. Doe had die kerel tegen doomny seid: "Se lopt nachts nog bij mij. Hoe is dat?" Doe had de doomny seid: "Moar hastû hoar ook wat biloofd?" "Ja, dat doodgoed, dat se met hebbn...
nl.verhalenbank.24394
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Lammert van der Sluis en syn broer gongen us nei de Poelbuert ta to jounpraten nei in oare broer; dy wenne dêr mei in geskeiden frou. Sy wienen der omtrint oan ta, doe seagen se in ljocht yn 'e keamer. Der stie in frou yn 'e keamer. 't Wie de earste frou, dy't dea wie. De beide bruorren seinen: "Der koe wol fisite wêze; wy gean werom." De oare jouns...
nl.verhalenbank.25930
Ik ha tsjinne yn Oosterhogebrug boppe Grins, gemeente Noorddyk. As ik nei hûs ta west hie, kom ik dêr ornaris let yn 'e joun wer oan. Meastal wie 't dan wol alve ûre. De boerinne, dy't fan de Jouwer ôfkomstich wie, sei: "Ik bigryp net, dat jo sa let de dyk noch lâns doarre, hwant hjir rinne nachts altyd twa froulju om. Dy binne hjir froeger deamakke...
nl.verhalenbank.16120
Us mem hat froeger njonken in âld minske wenne; dat minske hie in bulte kwea dien. Doe is dat minske letter stoarn, mar sy koe de rêst net krije. Doe spoeke se altyd. Doe hat ús mem de doomny der by helle. Dy hat dêr doe in gebet dien en neitiid ha se noait wer lêst hawn. Dat wie hjir flak njonken dit hûs.
nl.verhalenbank.25940
Myn suster was troud met een Duutser. Se woonde in Groningen in de Leliestroat. Boven. De huzen doar zijn allemoal geliek. Op in oavend om half acht goat de deur open, en één feegde de foeten. Myn suster was alleen thús. Hoar man was noch op het werk. Myn suster docht, der komt één binnen, moar doar was niks. 't Hondje sloeg geweldig oan en was alheel...
nl.verhalenbank.26345
Ik was een jonge. Doe was doar ook een húshouding op dezelfde plaats woar later de spitkeet stond. Doar deugde 't niet. Doe was ons foaijer een avond fot. Doe hat it dan twoalf uur west de nachts, doe het moeke docht: zou hij der ook an komen? "'k Zat al bûten met Antje, - de oudste fan de dochters - ", see se. Ik was zowat drie, vier joar. Doe't moeke en...
nl.verhalenbank.23964
Us mem is yn 'e Harkema great brocht. Hja fortelde der wenne yn 'e Harkema in âld frou, dy siet altyd to spinnen. Froeger wie it de gewoante, as de lju in himd hienen dat net al to bêst mear wie dan brûkten se dat as deadshimd. It wie doe in earmoedige tiid. Doe't dat âld minske kom to forstjerren, dat altyd siet to spinnen, dienen se har in himd oan,...
nl.verhalenbank.24178
10