Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Kollumerzwaag
By Piters Willemke hong elke moarn in ponge mei jild oan 'e doar. Dat jild brochten se har yn 'e nacht. Mar 't wie duvelsjild. Sy hie har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.17012
Yn 'e Westerein wenne in âld wyfke, dat koe noait sliepe. Altyd wie der nachts lawaei by har ûnder it bêd. De soan dy sei: "Nou sil ik der fannacht us sliepe." Mar doe wie 't krektsa. Doe gong de soan nei greate Wopke, de duvelbander fan Kûkherne. Hy lei him it gefal út. Wopke frege: "Sjogge jimme oerdei wolris hwat?" "Ja, om itenstiid hinne is der altyd...
nl.verhalenbank.15765
Op 'e Sawnbulten wenne in âld bryk wyfke, dat kwealik roan. Mar likegoed, troch har swarte kunst wie se samar in ein út 'e reek. Har eigen man wie bang foar har.
nl.verhalenbank.15747
Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en yn elk café traktearre de kastlein him op twa buorrels. Hy naem op 'e hinnereis de iene kant fan 'e wei, op 'e weromreis de oare. De café's koenen dan fansels krektsalang iepen...
nl.verhalenbank.38619
Yn 'e Koaten wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Har man wie o sa skruten foar har, hwant sy seach mar even ien oan of dyselde wie bitsjoend. Sokken woarden dan siik en ûngedien en dan moest der in duvelbander oan to pas komme. Ut 'e Koaten wei gongen se wol faek nei Sied Harmens fan Feanwâlden, ek wol nei ien fan it Wytfean. (Jonge Jan?)
nl.verhalenbank.15753
Doe't ik in jonge baes wie wenne der by ús yn Moarmwâld in âld wiif, Baeije. Dy gong foar in tsjoenster troch. It minske koe rekkenje noch skriuwe. Mar dy wienen der doe wol mear. Dêr siet ik as jonge in bulte, hwant ik wie kammeraet mei ien fan har jonges. Hja wie ús buorwiif sahwat. Doe't ik troude kaem ik yn 'e Falom to wenjen. Ik sei tsjin 't wiif:...
nl.verhalenbank.24713
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve. Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
7