Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: vrouw vader Place of Narration: Opende
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap. Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?" "It sweeft", sei de soan. "Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Ik ha twa minsken kend, in man en in frou. Dy koenen min mei mankoar. De man bihandele syn frou skandalich. Doe binne se by elkoar wei rekke. Letter helle dy keardel in tige minne streek út. Dat wie in strafber feit en hy woarde der foar op helle. Mar hy sei dat er it net dien hie. De dochter fan dy lju lei dy nachts op bêd. Har mem wie doe al lang...
nl.verhalenbank.25708
By ús pake en dy wie in bern bitsjoend. Sy joegen pake de rie, hy moest in tsjettel mei wetter siede en dêr nuddels yn dwaen. Doe gongen pake en dy nei Ritske Aeltsje ta. Dy fortochten se der fan dat hja de tsjoenster wie. Dêr sieten de doarren fêst. Hja hie hyltyd mar roppen: "Ik sil 't noait wer dwaen! Ik sil 't noait wer dwaen!"
nl.verhalenbank.25935
35