Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
34 results
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Harkema
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding. Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik. Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him. De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
nl.verhalenbank.22188
As de krânsen, dy't yn in kessen sitte, forbrând wurde, forgiet it frommeske - de tsjoenster- fan 'e pine. Guon tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stekke. Om de tsjoensters to kearen docht men duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dêr kinne tsjoensters net oer komme.
nl.verhalenbank.17704
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Alde Hâns Ale wenne ek yn 'e Harkema. Dat wie in biruchte tsjoenster. Dy bakte altyd pankoeken en dêr fangde se de bern mei. As dy bern sa'n pankoek opieten, dan bigongen se to spuijen. Dan spuiden se allegearre slangehûden út.
nl.verhalenbank.33295
Piter Rauwerda syn frou Lys, hjir op 'e Bulten, hat in jier of hwat lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen.
nl.verhalenbank.32954
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om. Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
As in frou froeger to licht fan gewicht wie, dan seagen se har foar in tsjoenster oan. Dan wie se mei de boaze geast behept.
nl.verhalenbank.25723
Alde Knjillis Alma kaem us in kear oer de Bulten. Hy hie earst by Alle Tet oan west, mar dy wie net thús. Doe hat er de pânse fan Alle Tet op 'e Dunen foun. Dy hie se dêr achterlitten.
nl.verhalenbank.17560
As in âld-wiif mei de hân oer de knoppen fan in knopstoel omwreau, dan koe men der mar fan op oan dat it in tsjoenster wie. Sa'n ien moest men yn 'e rekken hâlde.
nl.verhalenbank.22254
Fogeltsjemoai dat wie in tsjoenster. Har âld man waerd soms yn 'e nacht wekker, dan lei der in pânse njonken him op bêd. Dan wie Fogeltsjemoai der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.17559
Neist sa'n hûndert jier wie ús mem har âldste suster, dy't yn 'e Harkema wenne, slim siik. Hja wie tolve jier âld en koe net wer better. De heit (Aise van der Heide, in tige froom en leauwend man) gong skean de paden del nei de duvelbander fan de Ham, hwant sy wienen har rie to 'n ein. Hy krige in drankje mei en sette dêrmei op hûs ta. Mar ûnderweis...
nl.verhalenbank.21328
Hjir yn 'e Harkema wenne in feint, dy kom op in nacht fan 'e froulju werom. It wie sahwat 2 ûre en ljocht waer. Doe't er de doar achter him ticht die, seach er in lyts famke. Hy tocht dat it syn susterke Tryn wie. "Soest my ophelje, Tryn?" frege er. Mar sy sei neat. Sy gong deselde kant út dy't hy út moest, mar sy bleau in eintsje foar him op rinnen. Doe...
nl.verhalenbank.15531
By Marten Kloosterman yn Surhuzum kom sa nou en dan in reade kater. Se fortrouden dat net en krigen der op 't lêst in hekel oan dat dat beest dêr altyd kom. Doe ha se him op in kear bot ôfseame. De kater naeide hurd út. De oare moarns wie dêr in wiif, dat hie har hiele holle yn 't wynsel sitten. Dat hat dy kat west.
nl.verhalenbank.32950
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien." Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie. Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend. Doe ha 'k...
nl.verhalenbank.25724
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
35