Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: vrouw dochter Place of Narration: Drachten
Doe't ik in famke wie wennen wy yn Houtigehage. Ik moest elke dei iten bringe nei in omke fan my, dy arbeide by mynhear Bogaerts. Dat wie in hiel ein rinnen. Op in kear doe kom ik werom. Doe wie der in âld wyfke. "Och heden, berntsje," sei se, "hwat mastû alle dagen in ein rinne. Hjir hast in apel." 't Wie in hiele moaije apel, mar ik doarst him net op to...
nl.verhalenbank.25618
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Men koe in nachtmerje keare troch in fleartûke foar 't bêd to hingjen.
nl.verhalenbank.23485
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy hie yn in koartstondige tiid twa bern forlern. It minske sukkele sels. Twa bern hie se oerhâlden, in jonge en in famke. Doe wienen dy beide bern us oan 't boartsjen by 't sângat. 't Frommes dy't it my fortelde wie in suster fan dy frou. Hja hie tsjin dy suster sein: "Nou is dat sjesa. Ik bin hjir net lang mear....
nl.verhalenbank.25582
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!" Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier. De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels. Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
Hy hie in dochter Rixt, dy wie ek tige sterk. Sy hienen us in fracht hea yn 't lân, doe briek de ronge fan 'e wein. "Lit it hynder mar rinne," sei Rixt, "ik kear it wol." Doe hâldde se de heafoarke tsjin 't hea oan en sa kearde se it hea twa stikken lân del oan hûs ta. De daem wie hwat oan 'e nauwe kant. Doe't se dêr wienen, sei se: "Wacht even, 'k sil 't...
nl.verhalenbank.23494
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek o sa sterk. Sy wenne op 'e klaei yn Jirnsum. Rixt hie forkearing mei in feint. It kom sa fier, dat sy moest fan dy feint bifalle. Doe makke dy feint it gau út en hy kom net wer. Rixt krige in bern. Doe't dat sa'n oardeheal à twa jier âld wie, wie der us in kear feest yn Raerd (=...
nl.verhalenbank.23631
As ien lúskes krijt en hy is tige siik, dan giet er dea. It is mei ús skoanmem ek gebeurd, en sy hie noait lêst fan luzen, sy wie sa skjin as de brân. Hja hat us tige siik west, doe miende se dat se stjerre soe. Myn frou wie doe noch mar alve jier. Doe rôp se myn frou by har. Sy sei: "Ik ha hjir jild. Wolstû dat salang foar broerke biwarje oant dy great...
nl.verhalenbank.23019
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech. Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten. De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
By de Skoallewyk yn 'e Houtigehage wenne in frou mei in dochter. Dy koenen fleane. 't Wienen tsjoensters. Op in moarn wienen se togearre oan 't toudounsjen.
nl.verhalenbank.27766
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dat mat ek in ôfgryslik sterk frommes west ha. Dy tilde samar even it aembeeld by in smid út 'e smederij wei en sette it op 'e wei.
nl.verhalenbank.26055
35