Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vrouw werken Place of Narration: Drachten
As de ierdmantsjes it tige drok hienen, krige men in fruchtber jier, waerd der sein. Der waerd by ús sein dat der in âlde widdou by ús wie, dy't nachts it wurk troch de ierdmantsjes dwaen liet.
nl.verhalenbank.23490
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west. De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har. "Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Doe't ik yn 'e Haskerveenpolder oan 't wurk wie, fortelde Paulus van Zanten my oer in man en in frou. De man arbeide op 'e febryk. De frou wie great mei in oare keardel. Dat hienen de lju him al in kear of fjouwer, fiif forteld, mar hy woe it noait leauwe. Mar op in kear tocht er: ik wol 't ûndersykje. Doe't er dy moarns nei 't wurk ta gong wie, kearde er...
nl.verhalenbank.24002
Der wie in man yn 'e Houtigehage oan 't jirpeldollen. Dêr wie tagelyk in fanke oan 't jirpelsykjen. De man sei: "Wy dogge joun net sa lang, hwant ik mat ek noch nei Surhústerfean ta." "O hea," sei se, "matte jo ek by 't tsjerkhôf lâns?" "Ja," sei er, "hwat soe dat?" "By 't tsjerkhôf," sei se, "stiet altyd in frou mei in koer mei koeke yn 'e earm. Dy...
nl.verhalenbank.21168
De boer dêr't ik by wenne yn Aldegea wenne hielendal yn it Westen, op 'e Arkepôlle. Hy hiet fan Japik. Syn 'fan' wol my nou net yn 't sin komme. Op in moarn om trije ûre moest der in kou nei Ljouwert ta, nei de merk. 't Wie op in freed-to-moarn. De koopman dy't de kou ophelle hiet fan Auke. De kou moest by de boat ôflevere wurde. De kou stie noch op 'e...
nl.verhalenbank.33628
Yn 't bigjin fan 'e lêste oarloch haw ik yn Oud-Beierland west. Dêr wie 't merke. Doe liet ik my de takomst sizze troch in frommeske. Dy lies it út myn hân. Hja sei, ik soe yn 't koart in hiele fiere reis meitsje. Ik wenne doe yn Stiensgea. Dêr moesten fan 'e Poepen in tritich gesinnen fan nei Dútslân of nei Frankryk ta. Dêr wie ik ek by. Ik hie wol yn...
nl.verhalenbank.19371
Der wie in boer, dy biwenne in hiele âlde rottrige pleats, in rottekleaster. De pleats wie o sa min. Mar hy koe noait in nijen ien bitelje, hwant it wie earmoed by him. Hy skripte nachts en deis troch, om toch noch de kâns to hawwen in nije pleats sette to litten, mar hy bidijde neat. Doe kom der op in kear in man by him, dy sei: "Yn ien nacht bou ik foar...
nl.verhalenbank.19738
Der wie in frou, dy kom de winkel yn. Sy woe aeijen keapje. "Hwat binne dy aeijen djûr", sei se tsjin 'e winkelman. "Wat noemt u duur," sei dy, "een kip heeft een hele dag werk aan één ei."
nl.verhalenbank.33249
35