Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vrouw water Place of Narration: Drachten
Myn beppe hie in suster. Dy forfarde nei Amerika ta. Hja skreau beppe yn in brief, hja hie ûnderweis op sé in sémearmin sjoen. Hja is dêr yn Amerika omkaem.
nl.verhalenbank.33696
Heit fortelde, yn 'e Westerein hie in man west, dy syn wiif wie der alle nachten op út. Mar de man wist fan neat. As er wekker waerd, dan lei der in kouwepânse njonken him op bêd. Hy tocht al us: "Hwat kin dit bitsjutte." Doe op in kear geat er in amerfol siedend wetter oer dy kouwepânse hinne. Doe wie 't wiif der yn tûzen hasten oanstouwen kom, hymjend...
nl.verhalenbank.19323
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
nl.verhalenbank.36908
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait. De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje." Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn. Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch. "Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
nl.verhalenbank.26116
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
To Grou wenne in boer mei syn frou. Hja hienen ek feinten en fammen, hwant it wie in greate boer. Op in joun wienen de boer en de boerinne der op út to praten. Ien feint en ien faem bleauwen thús. Doe moest dy faem noch hwat brûke, dat yn it doarp to krijen wie. Hja stjûrde de feint dêr hinne. 't Wie tsjuster. De feint moest oer in draei, dy lei oer in...
nl.verhalenbank.36787
Der wie in frommes, dy wenne by de Skieding, dy sei: "Myt hat myn man bitsjoend. Hy hat it bistoarn." "k Ha dêr sels in kear west," fortelde se, "doe seach ik by har ta 't glês yn. Ik hie noch in frommes by my. Wy seagen alles hwat der gebeurde. Hja hie allegear soldaetsjes foar har, dy marsjearden mar op 'e tafel om. En Myt lake mar!" Doe ha wy sein: "De...
nl.verhalenbank.25407
35