Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: vrouw moord Place of Narration: Opende
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean. It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e...
nl.verhalenbank.25971
Yn Surhuzum ha se in âld frou formoarde. Yn 'e gong sieten twa plakken bloed op 'e muorre, dy koenen se der noait wei krije. Sy ha 't wol ôfbikke en opnij wer birape, 't joech neat; it bloed kom der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.26003
Yn Surhuzum waerd ris in âlde frou formoarde. Dat gebeurde yn 'e gong. It bloed spatte op 'e muorren. Dat bloed woe der letter noait wer wei. Us heit hat dêr wolris timmere. Hja wisken de bloedplakken wol út, mar 't bloed kaem der altyd wer troch. (Ien fan 'e moardners wie Harm Oldenburger; der wie in liet fan.)
nl.verhalenbank.38023
Jits Spoelstra wenne op 'e Houtigehage. Sy gong us op in kear nei lytse Kjille op 'e Gordyk. Dat wie in kaertlizter. Jits wie doe noch net troud. Kjille sei tsjin har: "Dû silst in kear oer 't wetter hinne gean, mar ik wit net ast wol werom komste." Jits wie letter by in dûmny as húshâldster. Hy wie by de earste frou wei en troude letter mei Jits. Mar doe...
nl.verhalenbank.25933
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
35