Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: vrouw hulpgeroep
Yn 'e Burgumermar hawwe guon alris ien om 'help' roppen heard. 't Wie in frouljuslûd, fortelde heit. Letter is dêr op dat plak in frommeske fordronken.
nl.verhalenbank.37194
Myn skoanmem hat wol faek forteld, hja stie ris by de brêge hjir yn 'e Westerein, doe hearde se trije kear hiel dúdlik 'help!' roppen. Mar hoe't hja ek seach, der wie neat to sjen. Dy winters binne dêr op dat plak trije bern forsûpt. Us skoanmem sei altyd: "Dat haw ík fan tofoaren heard."
nl.verhalenbank.33669
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen. Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet. Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Markus Dalstra, byneamd Dolle, hat us in moart dien. Dêr hat er lang foar sitten. It wie in widdou, dy't er formoarde hat. Hy hat har gouden earizer, dat er stellen hie yn 'e Heuchfeansterwyk op 'e Boelensloane smiten by de Bethlehemsreed. Dêr mat nachts altyd noch in lûd komme út 'e wyk op datselde plak. Dan wurdt der 'help!' roppen.
nl.verhalenbank.23015
35