Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vrouw gooien Place of Narration: Drachten
Thomas en Klare hienen nei Eastemarre merke ta west, mei de hounekarre mei guod. Werom reizgen se oer de Mûzegroppewei en de Langewyk. Underweis hipte der in kat by har op 'e karre. Thomas soe dy kat der ôf wippe, mar doe koe syn pols net fierder, 't wie krekt as woarde de hân him stiif. "Gean wei, Satan", sei er. Doe woarde er yn 'e wâl smiten.
nl.verhalenbank.23482
Yn 'e oare heide achter Surhústerfean wenne Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje. Dy kat kom jouns altyd by deselde minsken. 't Wie in dikke, grouwe kat. De man sei: "Dat sil 'k dy kat ôfleare." Hy hie in fjouwer-tinige gripe. Doe't de kat der wer oan kom mei syn gleone egen goaide hy ta mei de gripe en hy rekke him. De kat hie...
nl.verhalenbank.29393
Achter ús folk wennen oan 'e Houtigehaechster wyk Japik en Jitske. Jitske wie noait goed. De buorfrou kom by har. Dy sei: "Ik ha in eachje yn 't seil hâlden. Jouns komt hjir altyd in grouwe siferse kat." "Noustû 't seiste, ja," sei Japik, "dy komt alle jounen by ús yn 't finsterbank to spinnen." Buorfrou sei: "Dy docht it dat sy hjir op bêd leit. Dàt is...
nl.verhalenbank.25620
Der kaem ris in as frou forklaeide keardel op in joun by in boer. "Kin ik hjir oernachtsje?" frege dy. De boer liet har der yn, mar hy fortroude 't net. Hy sei tsjin 'e feint: "Net fuortgean dû. Smyt dû m aenst hwat nuten ta." Dat hat dy feint dien. Doe heinde dat frommes de nuten op wylst hja de knibbels tsjin elkoar oan klapte. Doe wie 't biwezen dat it...
nl.verhalenbank.36944
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Der wie in man dy tocht allinne mar oan jild. Hy mishandele syn wiif, dat altyd sunich wie en hy gunde net in minske hwat. It jild hie him foargoed yn 'e macht. Op in kear, doe roan er oer de wei, en doe wie er ynienen samar smiten woarn. Tagelyk wie 't allegear jild om him hinne. Mar dat wie it jild fan 'e duvel en hy hie bigrepen dat dit in les foar him...
nl.verhalenbank.27932
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs. Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe. Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
35