Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: vrouw afzakken
De froulju koed er de rokken ôfsakje litte.
nl.verhalenbank.38099
Jehannes Meerstra kaem mei Edammer tsyskes bylâns. De famkes doarsten net nei de doar ta, hwant hy liet har samar de rokken ôfsakje. Myn suster hâldde de rokken altyd fêst beet, as hy der wie. It iene momint hied er neat yn 'e hannen en it oare momint hied er de hannen fol dûbeltsjes. Hoe't dat koe bigriep net ien.
nl.verhalenbank.36471
Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte. Dat die er ek echt, ik wyt dat it wier is.
nl.verhalenbank.38266
Jehannes koe krekt sizze hwat jo yn 'e bûse hienen. As er gjin jild mear hie, dan hong er jouns it lege ponkje oan 'e bêdsdoar. Dan wie 't de oare moarns wer fol. Dêr soarge de duvel foar. Hy koe de minsken stean litte. De froulju liet er de rokken ôfsakje. Mar hy die gjin minske kwea.
nl.verhalenbank.36500
Jehannes liet de froulju allegear de rokken ôfsakje. Doe't er dat op in kear wer die, ha se him fuortjage. Jehannes wie great fan gestalte.
nl.verhalenbank.38560
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Greate Wopke fan Kûkherne koe de froulju samar de klean ôffalle litte, wylst se midden op 'e wei stienen.
nl.verhalenbank.38416
Imke hie nocht oan ûnnocht. Der wie in frommes dat skreau har van der Iest. Hy toande har sterke stikken. Doe sei se: "Al hwatstû ek mânsk bist, dû krijst my de klean net fan 'e hûd." 't Wie in mounich frommes. Mar Imke liet har de klean ôfsakje oant se op 't lêst allinne noch it himd oan hie. Hy sei: "Mat dat ek noch út?" "Né," sei se, "lit it sa mar."
nl.verhalenbank.24165
Jehannes liet de jonge froulju samar de rokken ôfsakje en ek de broek. De famkes wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38224
Jehannes Meerstra koe de froulju de rokken ôfsakje litte. Hy hat tsjin ús oer wenne. Hy koe de tange op 't hurdsté dounsje litte. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie ris mei oar folk yn 't âld sûkerijfabryk oan 't wurk. Doe wie der ien, dy sei dat er sa'n sin hie oan pikelhearrings. Doe waerd der ynienen bûtendoar roppen: "Pikelhearring!" Dat wie Jehannes syn...
nl.verhalenbank.38209
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
nl.verhalenbank.38430
Jehannes koe de froulju de rokken ôfsakje litte. Hy hie in protte merakels. Yn 'e hjerst wied er by in boer oan 't jirpeldollen west. Doe farden se nei dat kerwei nei hûs ta. Jehannes siet achter by 't stjûr. Wylst se de Wâl del farden seagen se ûnderweis in man, dy rôp de hinnen. "Eigenaerdich," sei Jehannes, "nou sit de hoanne yn 'e midden." Doe fleagen...
nl.verhalenbank.38051
Imke de Jong wie in gûchelder. Hy reizge by de merken lâns en hat yn Ljouwert wenne. Hy wie troud mei in sekere Janke. Hy koe de minsken samar stean litte en liet se molke slobberje út in pantsje, krekt as wienen it katten. Hy koe de minsken kraeije litte as in hoanne. Alles hwat er sei, dat dienen se. Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte. Yn...
nl.verhalenbank.38534
35