Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: vrijmetselaar Place of Narration: Drachten
Fan 'e frijmitselders mat der om de sawn jier ien dea. Fan 'e tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.19859
Der binne guon, dy binne kûgelfrij. Ik haw in feint kend, dy skeaten se dwars troch 't lichum hinne. Der kom net in drip bloed út. Hy is noait opereard of hwat ek. Dy wie kûgelfrij. Frijmitselers binne èk kûgelfrij, sizze se. De frijmitselers fûstkje mei twa fingers. Sy geane achterstefoar yn 't gebou, dêr't se forgaderingen yn hâlde. Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.26128
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se dogge hwat se wolle salang se yn leven binne. Mar der moat elk jier ien fan harren dea. Se stjerre yn de regel in nuvere dea. Op 'e kop yn 'e sleat of sa. Der giet eins noait ien normael dea.
nl.verhalenbank.33226
Dyselde Auke Helmhout wie ek in frijmitseler. Yn 't tsjuster frege der: "Hoe sit it, ik mat even hwat jild brûke." Dan sei der in man yn 't tsjuster: "Hoefolle?" En dan krige er dat jild. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea. Sy lotsje der om hwa't dat wêze sil. Der wurdt in nûmer útskuord en dy sinen dat is, dy wurdt deamakke. Yn 'e...
nl.verhalenbank.19381
Fan 'e 'Lauwers' nei Surhústerfean wie in eintsje wei, dêr doarst in koopman fan Grinzer Pein, in sekere Gjaltema - oars in man dy't net bang wie - net lâns, as er allinne wie. Hy hie dêr ris in swart ding sjoen. Dizze Gjaltema hie in wikseldaelder. Der woarde fan sein dat er by de frijmetselaers wie.
nl.verhalenbank.27495
Janne hiet it minske fan it folksloazjemint. Alle omstippers krigen dêr ûnderdak. Mar sy moesten fantofoaren bitelje. Janne hie ek in âld man yn 'e kost. Dy koe net sa hurd ite. Mar dêr koe Janne net op wachtsje. "O, bist noch net klear?" sei se. En al wie it board dan ek noch heal fol ierappels, dan kletste se de brij der by yn. Op in kear kom Jan Kluwer...
nl.verhalenbank.16843
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.23999
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke. Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
nl.verhalenbank.27923
Frijmitselers binne ek kûgelfrij, wurdt der sein. Sy ha in forboun mei de duvel. Yn 'e Houtigehage wenne in frou, dy hie har oan 'e duvel forkocht. Dat minske woarde tige ryk.
nl.verhalenbank.29402
Op 'e Trije Roede wenje frijmitselders. Dy dogge oan frije liefde. De iene hat de oare syn frou.
nl.verhalenbank.23106
35