Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vriend Place of Narration: Eastermar
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net. "Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?" "In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze." Even...
nl.verhalenbank.33737
Doe't Sjoerd Kooij fan Jistrum noch in feint wie, reizge er mei in kammeraet (èk fan Jistrum) nei Garyp nei de froulju ta. Sy hienen dêr elk in faem to wenjen, mar dy fan Sjoerd Kooij wenne hwat fierder. Sjoerd Kooij wie froeger in los man. It koe him net folle skele hwat er sei en hwat er die. Op in kear doe gongen se wer nei de faem. Sjoerd sei tsjin...
nl.verhalenbank.29309
Hanne Foekes wie in tûke fisker. Hy wenne yn Eastemar. Mar hy hie de duvel ta syn maet. Hy sette altyd kofje foar twa man, foar himsels en foar Jan. Jan dat wie de duvel. Dy geat er ek in kopke yn. De duvel hat him op 'e Leijen de nekke omdraeid by de Tryntsjemoaispôlle.
nl.verhalenbank.12239
Hearke kom us by âlde Arjen Kuipers to jounpraten. Arjen Kuipers hie in tsiis fan tritich poun, dy sette er op 'e tafel en doe sei er tsjin Hearke: "Snij der mar in stikje ôf om op to iten." Doe nom Hearke de tsiis op 'e iene hân en 't mes yn 'e oare en sa snie hy der in stik ôf.
nl.verhalenbank.20492
Hanne Foekes wie in fisker. Hy wenne yn Eastemar. Dy hie de duvel altyd by him. Hy geat himsels kofje yn, mar ek foar Jan. Dat wie de duvel, syn maet. Hy neamde him Jan. Op in kear ha se Hanne dea foun yn syn boatsje op 'e Leijen. Doe hied er syn holle achterstofoar op 'e romp sitten. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.34640
Ik ha noait foar in swarte spegel sjoen. Mar myn maten ha wol sein: Ast hwat sjen wolste fan dyn takomst, dan matst ris yn 'e swarte spegel sjen.
nl.verhalenbank.12282
Hinse Jehannes de Boer wie de duvelbander fan it Swartfean. Hy wie in maet fan 'e duvel, dat wist elk. Op it Peinder tsjerkhôf is er biïerdige. Op in joun kom der ien oer it tsjerkhôf, dy rôp: "Hinse, lit dyn stem noch us hearre!" Doe wie der sa'n ôfgryslik raer lûd út Hinse syn graef kom, dat de man is sa hurd útnaeid as er mar koe.
nl.verhalenbank.12525
35