Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vreemd Place of Narration: Drachten
It wie in wûndere âld-keardel. Hy spile mei de duvel ûnder ien huodtsje. Hy hie in forboun mei de duvel. Hy hie gâns in tún. Dy wie wol sahwat hûndert roede great. Dêr hied er sparje yn. Dy sparje moest sleept wurde. 't Is wier gebeurd, hwat ik nou fortel, ik siet der sels by. In eintsje fan him ôf wenne in keardel, dy hie him biloofd, hy soe de sparje...
nl.verhalenbank.24937
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Der wienen twa bruorren. De iene hiet fan Teade. Se wennen op 'e Middelgeast tussen Smelle Ie en Boarnburgum. Hja rieden op in kear elk op in hynder. Doe seagen se dêr in gedaente fan in man. Dat like oars as oars, krekt as doogde it net. Doe sei Teade: "Dêr wol 'k op sjitte." Hy hie 't gewear by him. Mar syn broer sei: "Doch dat net. Hwat hast dêr mei...
nl.verhalenbank.29645
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech. Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623
Ik ha froeger wolris heard, hwannear 't der in fremden-ien by de lju kom, dat se seinen: "Hy mat net by de bargen, hear, hwant dan wolle se miskien net mear frette." Se wienen bang foar de kweade hân. Se lieten in fremden ek net by 't oare fé.
nl.verhalenbank.24948
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje. Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet. Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht. Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen. Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe. Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes? Hy gong...
nl.verhalenbank.37818
35