Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vragen Place of Narration: Eastermar
't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net. "Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?" "In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze." Even...
nl.verhalenbank.33737
Der mat in frou wenne ha op 'e Tike of sa. Dy forkocht wol bûter, mar sy hie de minsken noait it folle gewicht jown. Sy kom to forstjerren, mar sy koe de rêst net fine. Sy kom hyltyd werom. Doe hellen de lju de dûmny derby en dy spruts har oan. Doe sei se hwat har bigearte wie. As de faem oan dy en dy minsken safolle bûter jaen woe, sûnder der sinten foar...
nl.verhalenbank.20070
Hearke wie ris oan 't ploeijen. In man kom by him. Dy woe nei Sterke Hearke ta. Hy komt by Hearke op 't lân. "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" frege er. Hearke spant it hynder even út. Hy kriget de ploech en tilt him op en wiist der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," seit er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.35928
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395
In mynhear kuijere de wei del. Hy kom by in brêge, dêr stie in jonkje. Dat jonkje gûlde hiel bot, hy snokte it út. De mynhear sei: "Hwat skeelt der oan mei dy?" It jonkje sei: "Sy ha myn stik bôlle yn 'e feart smiten." "Och hea," sei de mynhear, "wie dat mei opset?" "Né," snokte it jonkje, "mei leverwoarst."
nl.verhalenbank.33830
Tryntsjemuoi wie in suster fan ús heit. Sy wenne yn Jistrum. Hja fortelde, hja roan ris op in joun fan Eastemar nei Jistrum. Op it Heechsân, tusken Koop de Jong en Nieuw Stedma kom dêr in hiele grouwe swarte houn by har. Dy sprong by har op en lei har de poaten op 't skouder. En dy houn sei: "Hoe kenstû my? Ik ha alhiel gjin kunde oan dy."
nl.verhalenbank.37605
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema. Der kom ien oer 't paed by him lâns. "Hwer sille jo hinne?" frege Hearke. "Ik sil nei sterke Hearke", sei er. Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe...
nl.verhalenbank.20596
Der wie ris in boerke yn 'e stêd. Doe seach er dat se dêr mei in hiel great gebou oan 't bouwen wienen. It boerke wie nijsgjirrich en doe't der krekt in man oan kom, frege er: "Hwat foar in gebou wurdt dat?" Mar dy man sei neat werom en roan fierder. It wie de architekt. Even letter kom dyselde architekt werom. Doe frege it boerke nochris: "Hwat foar in...
nl.verhalenbank.33738
35