Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: voorteken zelfmoord
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein. Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean. Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
Alde Wigers Gjertsje hie in soan Theunis, dy wenne yn Hollân. Nou en dan kom er thús by syn mem . Op in kear wie dat wer it gefal. Doe sei ús mem: "Hy giet net wer nei Hollân ta." Hy is even letter fan 'e brêgeleuning yn 't kanael sprong en forsûpt.
nl.verhalenbank.36306
Der wenne in âld man op 'e Sânbulten, dat wie Bontsje Keke. Dy hat in min leven hawn. Dy moest ek alles fan tofoaren sjen en dan koed er net op bêd bliuwe. Dan mòest er der út. Op in nacht seach er dat syn soan dea yn in apelbeam hong. Dy hie himsels ophong. Keke seach it wylst er op bêd lei. De oare deis moest Keke der op út. De jouns kaem er thús. Doe...
nl.verhalenbank.29733
t Volgnde is ook woar gebeurd op de B. t Is gain mooie geschichte. Bie de femilie X wur dr op n nacht aan t roam klopt. Man en vrouvoorloopw goat dr oet um te kiekn, wel door op boetn stet. Niks. Was t verbeeln? Nee, toch nich. n Zetkng noa tied heurden ze weer in de nacht op t zulfde roan tikn. Weer tou t berre oet en weer noar boetn. Non stönnen dr n...
nl.verhalenbank.43138
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea. Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn. De jouns fan...
nl.verhalenbank.32299
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Yn Twizelerheide wenne in sekere Knjillis Veenstra. Hy wie mei de helm geboaren. Hy gong der nachts faek út. Dan moest er lykstaesjes sjen. Hy woarde dreaun. Hy moest soms sa hurd, dan hied er net iens tiid om him fatsoenlik oan to klaeijen. Dan hied er mar gau hwat bêddeguod om him hinne goaid, lyk as in lekken ensa. Hy roan soms oan 't spoar ta. Hy hat...
nl.verhalenbank.28012
't Gebeurde èk op in nacht, doe seach er syn dochter dea lizzen yn 'e dobbe. Dy hie harsels forsûpt. 't Kaem krektsa út. In pear dagen letter wie 't doe gebeurde 't echt. Doe foun er har yn 'e dobbe.
nl.verhalenbank.29734
As ien him ophingje soe, dat wisten se fan tofoaren èk.
nl.verhalenbank.38439
Bontsje Keke wie mei de helm geboaren. Hy wist altyd hwannear't der ien deagean soe. De bigraffenis hie er altyd al fan tofoaren sjoen. Dat wie meastal by nacht. Dan moest er út bêd wei, en soms moest hy der in hiel ein om rinne. Syn soan hat himsels ophong yn in apelbeam, yn 't hôf. Fan tofoaren wist Keke dat de jonge stjerre soe. "Ik seach wòl," sei er,...
nl.verhalenbank.30070
Bontsje Keke fan 'e Westerein wie mei de helm geboaren. Syn dochter hat har yn in dobbe fordronken. Dat moest Keke fan tofoaren sjen. En syn soan hat him ophong oan in beamke foar hûs. Dat hat er ek fan tofoaren sjoen. Mar hy koe 't net keare. Hy wist dat it gebeure moest. Wit hoe faek moest hy der nachts ôf en der út. Dan waerd er dreaun nei 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.30486
Keke hat hjir njonken wenne. Hy hie in soan yn Grinslân to wenjen. Doe hat Keke op in kear in lykkiste by him thús yn 'e keamer sjoen. Doe hie er tocht: "Dat bin ik sels." Mar dat wie 't gefal net. De soan is ris in kear - dat wie letter - út Grinslân wei thús kaem en hat him hjir by him yn 't apelhôf oan in beam ophong. Sadwaende kaem dy kiste by Keke yn...
nl.verhalenbank.29516
Keke syn dochter hat harsels fordronken yn in gat by 't spoar. Keke hat ek hàr kiste by him yn 'e hûs stean sjoen. Hja wenne noch by him yn 'e hûs. Hy hie net sjoen dat hja fordronken wie.
nl.verhalenbank.29517
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha se rare geluten heard. Dat kin wol foartjirmerij west ha. Hwant letter, op in moarn om in ûre of tsien hinne, wie dêr us in hiel geraes. Ik en myn buorfrou setten der op ta. Doe hie de soan fan 'e boer (Stienstra) himsels ophong. (Twa jier tofoaren, op deselde dei, hie de dochter har de hals útsnien.) Dat kinne dy lûden...
nl.verhalenbank.25879
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen. Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht. Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
Der wenne yn 'e Houtigehage in faem, dy har broer wie ûnder tsjinst maresjaussee woarn. Sy hie forkearing mei in feint, dy woe ek maresjaussee wurde. Mar dan moest er in hiel skoft ûnder tsjinst bliuwe. Dy faem tocht: dan reitsje ik him kwyt, en doe hat se harsels mei 't gewear deasketten. Dat haw ik fan tofoaren sjoen. Ik warskôge se fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24121
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën. De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
35