Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen.
De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen.
Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken.
Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe.
Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Myn ex-skoanâlden wennen yn Drachtster Kompenije. Hja hienen in kampke lân foar hûs lizzen. De buorlju dêr omhinne seagen op dat kampke lân alle jounen in ljocht brânnen. De âlde minsken seagen it sels ek. As se der by kommen, wie 't ljocht út. Doe is ien fan 'e bern troud en doe boude de âld man dêr in arbeidershúske op dat kampke lân foar de jonge lju....
nl.verhalenbank.18128
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
nl.verhalenbank.29400