Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
HANDEL MET DE DUIVEL
Vroeger hoorde men ‘s avonds en in de nacht het erbarmelijke gehuil van de kettinghonden over het Brabantse land. Door dit gehuil voorspelden zij de dood van een man die zijn ziel aan de duivel verkocht had.
In Nistelrode woonde vroeger zo’n man. Hij werd op zekere dag ernstig ziek. Op een nacht waren de honden zeer onrustig en de...
nl.verhalenbank.49593
Pake hie lêst fan de nachtmerje. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Doe joech Wopke him in drank. Hy sei tsjin pake: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net stikken slagge."
Doe sei pake: "Hwa duvel soe my dy drank stikken slaen."
Doe't der in eintsje op stap wie, kom der in mynhearke oan, dy swaeide mei syn stok en rekke it...
nl.verhalenbank.22056
Bouke Brinkman wie al âld. Hy rekke bitsjoend.
Doe gong er nei Kûkherne ta, nei Wopke, de duvelbanner. It wie Minne Brecht, dy't him bitsjoend hie.
Bouke sei tsjin Wopke: "Ik mat in drank fan dy ha; ik bin bitsjoend."
Wopke sei: "Ik hoef dy gjin drank mei to jaen, hwant dy giet dochs stikken ûnderweis."
Mar Bouke sei: "Jow him my mar mei."
Doe rekke Bouke...
nl.verhalenbank.29746
Der wie in frou, dy wenne op it Amelân. Har man farde op sé. Hja hie yn lang gjin tynge fan him hawn, dat sy makke har slim ûngerust.
Doe kom dûmny by har. Dy fornom wol, dat se ûngerust wie.
Hy sei: "Woenen jo graech wite, hoe't it mei jou man is?" Nou, sy woe fansels neat leaver as dat. Dûmny sei, dan moest hy in skoftsje op har bêd lizze. Dat foun dy...
nl.verhalenbank.20536
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen.
Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht.
Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane. Hy wie duvelbander.
Tryn Snipel wie syn wiif. Dy koe kaertlizze.
Op in kear kreaude se mei ien. Doe sei se: "Fljoch mar yn 'e wyk." En it minske fleach yn 'e wyk.
't Jongfolk gong der faek hinne to kaertlizzen. It hûs lei op in minne namme.
Minse stjûrde skoppenboer út om in flesse drank. It earste romerfol waerd yn 't...
nl.verhalenbank.20968
Wierd Hoogstins fan Garyp gong nei Hinse ta dy't op it Swartfean wenne. Hy moest in drank ha foar 't fé. 't Wie yn 'e winter en hy hie de redens by him.
"Hast redens by dy?"
"Ja."
"Dû meist werom net ride, dan krigest in ûngelok. Dû mast gean."
Dat wie ôfpraet. Mar Wierd hâldde him net oan dy ôfspraek. Op Nyegeasterhoek die er de redens ûnder. Mar doe...
nl.verhalenbank.32459
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie.
Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús."
En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
Der wenne hjir op 'e heide in man, dy hie in siik bern. Hy gong nei Wopke ta fan Kûkherne. Dy joech him guod. Wopke sei: "Dat guod wurdt hoe langer hoe hiter ûnderweis. Tink derom en biwarje it goed. Der sil dy wol ien tomjitte komme, hwant jimme bern is bitsjoend. De flesse woardde sa hyt, dat hy koe him op 't lêst hast net langer daeije. Doe wied er al...
nl.verhalenbank.17462
Bontsje Keke wie it fremdste mantsje fan 'e Westerein.
Ik en myn broer hienen moalhandel. Wy brochten wol mais en koarnmoal en sa by him en dan die hy ús de forhalen.
Hy fortelde altyd oer syn bilevenissen by nacht.
Hy wenne by 't spoar. Elkenien koe him.
Keke moest nachts wit hoe faek út bêd wei. Dan moest er in bigraffenis sjen. Meastal wie dat op it...
nl.verhalenbank.38387
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter.
Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
Heit fortelde ús myn âlde omke hie in dochter hawn, dy wie siik. Dêr gong omke foar nei Wopke duvelbander ta, dy't yn Kûkherne wenne. Omke ried oer de Wide Pet, hwant it wie winter.
Wopke sei: "It fanke is bitsjoend. Hjir hast in drankje. Mar dû mast goed op 'e flesse passe, hwant ast omtrint thús biste komt de tsjoenster dy yn 'e mjitte, dy hat har yn...
nl.verhalenbank.17558
Myn omke Marten kom by Marij. Dêr hied er forkearing mei.
Letter is er ek mei har troud. Doe't dat gebeurde sei Kees (= Knjillis Veenstra): "Dy hâldtstû net sa lang."
"Hwerom net?" sei omke Marten.
"Dû krijst der in poppe by," sei Kees, "mar dy hâldst ek net. Sy geane beide dea. Dû silst letter wer trouwe.
En dat frommes krijst ek bern by, mar dat frommes...
nl.verhalenbank.27401
Ik wie fiif en twintich jier, ik frijgeselle by myn broer. Dy hienen in jonge, dy wie siik.
Op in kear gong ik nei Hinke Kaert ta, de kaertlizter fan Nijebrêge.
Ik sei tsjin Hinke: "Myn omkesizzer is siik."
"Ja," sei se, "dy is bitsjoend. Hjir wennet in duvelbander yn Nijebrêge, dêr matte jo mar ris hinne."
Ik dêr hinne. Doe joech dy my hwat guod mei.
Hy...
nl.verhalenbank.21015