Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
57 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen Place of Narration: Drachten
Op 'e merk yn in tintsje koenen jo yn 'e swarte spegel sjen. Dan wisten jy mei hwa't jy trouwe soenen. Mar ik ha noait yn sa'n tintsje west.
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
As de houtwjirms kloppen yn 't môgige hout bitsjutte dat dat der in sterfgefal kaem. As de houn spûkgûlde ek; dêr wienen âlde minsken deabinaud foar. As eksters skatteren op it hiem kaem der ek in sterfgefal.
Der hat hjir in man wenne, dy sei altyd, hy soe hjir nochris ûnforwacht weireitsje. Op in kear joech er de kij twa ammerfollen wetter. Doe't er dat dien hie soed er wer op 'e mjilling stappe, doe sei er: "Dêr ha jy 't gedonder al." En dea wied er.
Der wie ek in sekere Tabe Bergsma by ús oan 't wurk. Dy fortelde fuort dêr achteroan, dat der wie ris in bern fan him overleden en hy hie dagen fan tofoaren al syn kistje op 'e stoel stean sjoen en alle bysûnderheden fan 'e bigraffenis. Doe hie 't bern noch neat skeeld. 't Wie krekt sa neikaem.
Ik haw yn 'e Noard-oastpolder wurke. Dêr wie doe ek in man oan 't wurk dy hiet fan Majoor. Dy fortelde my: Ik hie ris in hiele rare droom op in nacht. Ik droomde dat der wie in bern yn 't wetter fallen. De heit wie dat bern neisprong en doe wienen se beide forsûpt. Dat wie de droom. De oare deis krige ik biricht dat myn skoansoan en syn bern wienen beide...
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
By Grinzer Pein is in gehuchtsje: Topwear. Dêr seagen guon alle jounen in ljochtsje. Dêr kaem letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.36953
Us mem seach ris in kear in bigraffenis fan tofoaren. Njonken ús wenne in âld man, Klaas Mulder. Mem seach de lykstaesje op in âld reed. Dêr kaem oars noait hwat lâns. Sa'n fjirtsjin dagen letter stoar ús âld buorman en waerd er lâns dy âld reed nei 't tsjerkhôf ta brocht.
Wy wennen by de Skieding ûnder Drachtster Kompenije. Mem fortelde op in moarn. Nou haw ik justerjoun twa ljochtsjes oer de heide kommen sjoen, dy gongen fan Mearum nei Trimunt ta. Dat wie noch foardat de tram dêr lâns ried. Letter is dy dêr kaem. It wie foartsjirmerije.
Ik wyt noch wol dat it Peinder kanael groeven is. Doe't dêr noch gjin sprake fan wie en net ien noch wist dat dêr in kanael komme soe, wie dêr in boer oan 't beantsjelûken op 'e lânnen. Hy sei: "'t Wol net mear." 't Kanael is troch dat lân kaem dêr't dy man oan 't beantsjelûken wie.
Op in kear seach ik hjir ta 't finster út. Doe seach ik in great wetter, skean troch de finne hinne. Dêr farde in skip oer lâns. Séfûgels fleagen dêr boppe. Yn it skip wienen núnders, dy pipen der oer. Dy beesten wienen noch levend. - Dat mat allegear noch neikomme (as it neikomt)
Beppe sei altyd: Hwat gebeure mat, sil gebeure. Dat kinne minsken net keare. Hja wenne tichte by minsken, dy hienen in lyts bern. Der wie in feart by it hiem en der wie sein woarn yn it wetter fan dy feart soe nochris ien dea reitsje. Dêrom hienen dy lju it bern altyd oan 't tou, dan koe it net by 't wetter komme. Op in kear doe hie der in houn - in rûge...
nl.verhalenbank.36915
It is al lang lyn, doe sei ik op in moarn tsjin myn man: "wy krije in sniewite kou." "Dû bist net heal wiis," sei er, "dû kinst dy fan alles wol yn 'e holle helje." Mar ik hie in spierwite kou by ús op 'e stâl stean sjoen en 't wie my net út 'e holle wei to praten. Hwat wie 't gefal? Myn man gong nei Drachtster merke. Dat die er altyd en dan kocht er ris...
De swarte spegel, dat wie in soart kaertlizzerij. De man seach dêr it portret yn fan 'e frou dêr't er mei trouwe soe. As se in deakiste krigen to sjen bitsjutte dat dat der binnen trije à fjouwer dagen in sterfgefal yn 'e famylje komme soe.
Doe't Hitler oan 'e macht kaem, wenne der yn Frankryk in minske, in sikere Madame, dy koe alles foarút sjen. Dêr stjûrde Hitler ien hinne om presys gewaer to wurden hoe't it forrin wêze soe fan syn polityk. It minske hat alles haarfijn forteld. It is krekt sa gong oant yn 'e lytste bysûnderheden ta. Trouwens in diplomaet Dimitrow hat him ek foarspeld...
It wie yn 'e oarloch. Myn suster Gees gong doe us in kear nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Gees wie doe skeiden fan har man. De wiersizter sei tsjin har: "Jo binne by de man wei, mar jimme komme wol wer by elkoar." Doe sei se: "Jo ha dêr in jurk oan, dêr ha jo de punten foar kocht." De textyl wie doe op punten. Dat kloppe presys. Hja hie de punten der...
Lytse Kjille wie wiersizter to Drachten yn 'e Hounestege. Se hiet eins Cornelia Modderman. Sy hat my de kaert ek al ris lêzen. Myn kammeraet en ik, elk mei de faem ha ris by har west. Kjille reizge mei in tromp mei bân, sjippe en lint by de minsken lâns. Joech men har in stûr ekstra, dan lei se de kaert. Se sei fan my, ik soe kastlein wurde. Myn...
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen. Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd. Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
0