Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
49 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen water
Op 't Bûtenfjild wie 't froeger allegearre wetter. Doe sei Jehannes ris op in kear: "Dêr komt in dyk en in brêge. Ik sjoch de skiep oer de brêge rinnen." Tsien jier letter is dêr in dyk kaem en ek in brêge. Hy hie 't wol goed sjoen.
nl.verhalenbank.38267
In sémearmin is heal fisk, heal minske. 't Is in sirene. Se kinne tige sjonge, dat klinkt hiel moai yn 'e fierte. Mei har gesang lokje se de sélju oan. Dy wurde dan troch de baren forslonden. Dêr is 't har krekt om to dwaen. As der in sémearmin sjoen wurdt, wurdt it swier waer. Dan forgiet it skip. Sémearminnen dogge wolris foarspellings.
nl.verhalenbank.26071
Hier kwam froeger in feintsje bij een meiske. Die had eens bij een waarsegster in Leeuwarden west. Se sei tegen hem, hij sou verdrinken krekt voor zijn een en twintigste. Moar dat een en twintigste het-ie ferkeerd ferstoan. Hij kwam noait meer bij een sloot langs of een faart en hij kwam ook niet bij een dobbe of een meertje. Hij was haast een en twintig...
nl.verhalenbank.26878
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen. Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet. Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
E: Dat zölfde, ie hadn net owwer hoolt oplaadn, datzölfde kan ok passeern as woar n kanaal wördt graavn. Dan zol der ok a n lechke vaarn. Wit: Joa, dat heb ik nich, nooit zeen. Bie Frontroth in Fleeringn en doar was destieds nog ne bruw in, in de stroat. Den is der no oet en doe ston der ok een op de bruw, god, ik har t hert achter vuur n hals zitn, ik...
nl.verhalenbank.128629
Der hat hjir in man wenne, dy sei altyd, hy soe hjir nochris ûnforwacht weireitsje. Op in kear joech er de kij twa ammerfollen wetter. Doe't er dat dien hie soed er wer op 'e mjilling stappe, doe sei er: "Dêr ha jy 't gedonder al." En dea wied er.
nl.verhalenbank.37027
Op in kear sei ús mem: "Der komt in lyk oan út Dokkum wei oer it wetter. Se fine it aenst yn 'e buert fan Ljouwert. Ik sjoch it spielen." In ûre letter founen se in lyk yn 'e Bonkefeart. 't Wie it lyk fan in geestlik gestoarde, fan Dokkum ôfkomstich.
nl.verhalenbank.36305
Ik haw ris in kear op Wergeaster merke west. Dêr wie 'k mei myn kammeraet Ljibbe hinne. Dêr wie ek in wiersizter. Dêr gongen wy hinne. Dat minske sei presys myn leeftyd op 'e dei ôf. Hja sei: "Yn dizze hoeke sille jo net lang mear forkeare. Jo geane oer 't wetter." 't Oare jiers gong ik nei Hollân ta. Oer de ôfslútdyk. 't Kloppe allegear as in bus. Hja...
nl.verhalenbank.33282
As der ien bitsjoend wie, gongen se faek nei in duvelbanner ta. Dat wie meastal Wopke fan Kûkherne. Dêr wie in frou, dy har bern wie bitsjoend. Hja wenne hjir tichte by yn 'e Westerein. In âld minske hat it ús wol forteld. Dat minske gong nei Wopke ta. Hja krige in drankje mei. Wopke sei tsjin har: "Nou matte jo aenst op jou iepenst wêze. Aenst op 'e...
nl.verhalenbank.29782
Yn Drachten mat it gebeurd wêze dat der út it wetter in stem heard waerd, dy sei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe mat dêr in skoftsje letter ien fordronken wêze.
nl.verhalenbank.36648
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart. Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne. Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Tryn Snipel wenne yn Houtigehage. It wie in kaertlizter. Wy wienen der ris mei ús fjouweren hinne, wy woenen de kaert útlein ha. Hja wenne tichte by de Blaudobbe. Tsjerk wie ek by ús, dy lake hiel bot. Doe sei Tryn: "Ja leave, sa't de duvel der yn komt giet hy der ek wer út." Doe wie 't laitsjen fan Tsjerk oer. Earst krigen wy alle fjouwer in buorrel fan...
nl.verhalenbank.37445
De fersonken stêd Warten En spoarleas gyng it nei de grûn Mei minske, hûs en toer; En neat fan alles is der bleaun, Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun; No streamt er't wetter oer. Sikke Koldyk 'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
Yn Boarnburgum wenne Wyberen fan Hâns van der Wal, in frijgesel. Hy wie yn Easterboarn yn 'e ûngetiid by in boer. Op in snein-to-joun gong er nei Hinke Kaert ta, dy't op Nijebrêge wenne. Hinke lei him de kaert út. Hja sei, hy soe nuver ûngelok krije. Dat leaude Wyberen net, hwant hy wie geheelûnthâlder, dus fan 't sûpen soe it net komme kinne. 't Wie op...
nl.verhalenbank.23624
Heit wie nei Stadskanael ta to baggeljen. Doe miste er syn pipe op in kear. Hy wist eins net of er him forlern hie of dat se him stellen hienen. 't Lêste wie 't wjerskynlikste en hy fortocht eins ek wol ien, dy't it dwaen kinnen hie. Doe gong er nei in wiersizter ta, dy't dêr wenne. Dy bigoun der út har sels oer. Sy skildere de persoan út dy't de pipe...
nl.verhalenbank.21180
Ik haw in omke hawn, dat wie Ynse Graanstra. Dy hat fan tofoaren sjoen dat se hjir oarloch hienen. It bloed roan ta de feart yn, sa waerd der fochten. Mar dat is net gebeurd.
nl.verhalenbank.20711
Dêr't wy froeger yn 'e Sumarreheide wenne ha wie de feart. Dy hâldde dêr mei in bocht op. Letter ha se dy feart trochgroeven en rjochtút makke. Doe kaem de bocht der út. Hanne en Aef wennen in eintsje fierder as wy. Doe wie dy feart dêr noch net. Op in joun kaem Hanne by ús to praten. Doe sei er: "Der gebeurt aenst ek wer hwat. Dêr sil wol in feart komme....
nl.verhalenbank.30305
Hjir yn 'e Parken wie in djippe klyndobbe. In man fan it wurkhús sei: "Hjir forsûpt nochris ien, ik ha 't sjoen." Trije wiken letter fordronk dêr ien.
nl.verhalenbank.27137
Tusken Feanwâlden en Mounein wie 't froeger allegear wetter. Dêr wenne in boer, dy line op in joun oer de ûnderdoar hinne. Doe hearde er ynienen buslidden ratteljen oer 't wetter. Mar dêr wie neat to sjen. Letter waerd dat terrein dêr allegearre droech makke en doe kommen der allerhande buorkerijen to stean. It hie foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.36402
Wat Tamme Wobbes efter de Eastermarre mûne seach It spilet yn 'e twadde helte fan 'e foarige ieu, mar wannear kin ik net krekt sizze. Tamme Wobbes wie in âld skipper en hy mocht graach fiskje. Op in jûne yn it begjin fan augustus gong er efter de mûne sitten te poeren. It hie in waarme dei west, de sinne wie al lang weisakke efter de Burgumer tsjerke, de...
nl.verhalenbank.12978
35