Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen waarzeggen Place of Narration: Drachten
Lytse Kjille yn 'e Gerdyk wie ek wiersizter. Sy sizze dat se it fan Hinke leard hat. Hja mat tsjinstfaem by Hinke Kaert west ha.
nl.verhalenbank.19735
Hinke Kaert wenne to Nijebrêge. It wie in bitûfte kaertlizter. Us Hindrik-om hat us nei har ta west. Hy woe de kaert lein ha. Hja sei tsjin him: "Dû matst aenst oer in planke, dêr komt dy ien yn 'e mjitte, dy sil dy om hwat freegje, datstû yn 'e bûse hast. Hindrik-om gnyske. Hy leaude der neat fan. Hy hie forkearing hawn mei in fanke, dat wie útrekke. Hy...
nl.verhalenbank.19734
It wie yn 'e oarloch. Myn suster Gees gong doe us in kear nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Gees wie doe skeiden fan har man. De wiersizter sei tsjin har: "Jo binne by de man wei, mar jimme komme wol wer by elkoar." Doe sei se: "Jo ha dêr in jurk oan, dêr ha jo de punten foar kocht." De textyl wie doe op punten. Dat kloppe presys. Hja hie de punten der...
nl.verhalenbank.33379
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
As jy de helm by in pasgeboaren bern nei boppe ta ôflûke, dan kin dat bern letter yn 'e takomst sjen. Lûkt men de helm nei ûnderen ta ôf, dan sjocht er net hwat. Dy't op snein geboaren wurde binne knoffelbân-biners; ek wiersizers (dan matte se ek mei de helm geboaren wêze). As in helm op in skip is, dan forgiet it skip noait en to nimmer.
nl.verhalenbank.23022
Op 'e merk yn in tintsje koenen jo yn 'e swarte spegel sjen. Dan wisten jy mei hwa't jy trouwe soenen. Mar ik ha noait yn sa'n tintsje west.
nl.verhalenbank.37936
Thomas Clare fan 'e Houtigehage hat foar hûnderten de kaert útlein. Mar 't kloppe altyd net hwat se sei. Har muoike Tryn Snipel wenne oan 'e Spekloane. Dy koe ek kaertlizze en dat kom yn de regel wol aerdich út. As ien hwat los wie en graech in buorrel mocht, dan sei Clare: "Jo matte de portemonnaie yn 'e linker bûse dwaen."
nl.verhalenbank.29399
35