Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen voorloop Place of Narration: Drachten
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen." It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen. Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Yn Kloosterburen wie in keppeltsje folk by de boer oan 't wurk. 't Wie snein en it reinde. Auke Pultrum en Boardzer Bruining fan Boelensloane wienen der ek by. Boardzer sei: "Wy forfele ús. Sil ik jim de kaert lizze?" Doe helle der in spul kaerten foar den dach. "Lûk dêr mar guon út", sei er. "Heden," sei er doe, "ik ha iderkear in swart mantsje mei in...
nl.verhalenbank.25219
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken. Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.37916
Ik wurke yn 'e Noard-Oastpolder. Dêr wie ek in man, dy hiet fan Majoor. Dy fortelde ús ris in kear, dat hy hie droomd, dat hy hie sjoen, dat in skipper syn famke neisprong dy't oer board fallen wie en dat se doe beide forsûpt wienen. De oare deis krige er biricht fan syn famylje, dat syn skoansoan, dy't skipper wie, dy wie syn famke nei sprong doe't dy...
nl.verhalenbank.30884
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
nl.verhalenbank.30889
Yn 't bigjin fan 'e lêste oarloch haw ik yn Oud-Beierland west. Dêr wie 't merke. Doe liet ik my de takomst sizze troch in frommeske. Dy lies it út myn hân. Hja sei, ik soe yn 't koart in hiele fiere reis meitsje. Ik wenne doe yn Stiensgea. Dêr moesten fan 'e Poepen in tritich gesinnen fan nei Dútslân of nei Frankryk ta. Dêr wie ik ek by. Ik hie wol yn...
nl.verhalenbank.19371
Ik hear it heit nòch sizzen: Sjoch, dêr komt skielk in hûs, hwant dêr brânt in ljocht. Dan seach er in wylde lantearne.
nl.verhalenbank.25160
35