Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen man Place of Narration: Drachten
Der hat hjir in man wenne, dy sei altyd, hy soe hjir nochris ûnforwacht weireitsje. Op in kear joech er de kij twa ammerfollen wetter. Doe't er dat dien hie soed er wer op 'e mjilling stappe, doe sei er: "Dêr ha jy 't gedonder al." En dea wied er.
nl.verhalenbank.37027
Yn Boarnburgum wenne Wyberen fan Hâns van der Wal, in frijgesel. Hy wie yn Easterboarn yn 'e ûngetiid by in boer. Op in snein-to-joun gong er nei Hinke Kaert ta, dy't op Nijebrêge wenne. Hinke lei him de kaert út. Hja sei, hy soe nuver ûngelok krije. Dat leaude Wyberen net, hwant hy wie geheelûnthâlder, dus fan 't sûpen soe it net komme kinne. 't Wie op...
nl.verhalenbank.23624
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ik wurke yn 'e Noard-Oastpolder. Dêr wie ek in man, dy hiet fan Majoor. Dy fortelde ús ris in kear, dat hy hie droomd, dat hy hie sjoen, dat in skipper syn famke neisprong dy't oer board fallen wie en dat se doe beide forsûpt wienen. De oare deis krige er biricht fan syn famylje, dat syn skoansoan, dy't skipper wie, dy wie syn famke nei sprong doe't dy...
nl.verhalenbank.30884
Lytse Kjille wie wiersizter to Drachten yn 'e Hounestege. Se hiet eins Cornelia Modderman. Sy hat my de kaert ek al ris lêzen. Myn kammeraet en ik, elk mei de faem ha ris by har west. Kjille reizge mei in tromp mei bân, sjippe en lint by de minsken lâns. Joech men har in stûr ekstra, dan lei se de kaert. Se sei fan my, ik soe kastlein wurde. Myn...
nl.verhalenbank.33222
Der hat in keardel west, dy koe hwat mear as in oar. Hy hie de kweade hân, seinen se wol. Ien hat my us oer him forteld. Dy hie 't sels bileefd: Ik hie 't sa earmoedich, sei er. Ik kocht in bichje foar fyftsjin stûren. Doe't ik it thús hie, kom dy keardel by my. Dy koe duvelskunsten. "Hast in bigge kocht?" sei er. "Ja", sei 'k. "'t Is net sa'n dikken",...
nl.verhalenbank.25567
Ik hear it heit nòch sizzen: Sjoch, dêr komt skielk in hûs, hwant dêr brânt in ljocht. Dan seach er in wylde lantearne.
nl.verhalenbank.25160
35