Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
45 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Buitenpost
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Jierren herwaerts - ik wie doe noch mar in jonkje, - doe wenne der op 'e Hoek ûnder Feanwâlden in âld-minske, dat sei: "Der komme aenst weinen to riden sûnder hynders der foar. Ik ha se riden sjoen. En de wei, dêr't se op ride, dy komt troch 't Bûtenfjild to rinnen." 't Is presys sa útkaem.
nl.verhalenbank.38435
Der wenne in frou yn Bûtenpost, dy fornom ek dingen fan tofoaren. Dat wienen altyd treurige dingen, lyk as sykte en forstjerren ensa. 't Forrin fan 'e sykte en de dea fan har man hat se allegear fan tofoaren krekt sa sjoen as it gebeurd is. Letter is se nei Grins ta gong to wenjen. Sy is nou al dea.
nl.verhalenbank.22848
Yn Feanwâldsterwâl wennen ek guon, dy ha by nacht de trein fan tofoaren riden sjoen. Se seagen de ljochten, dy't der oankamen en hurd foarbystouden.
nl.verhalenbank.38436
Heit hat wol faek forteld dat der timmerjen heard waerd op in joun of yn 'e nacht bûtendoar en dat der dan letter op sa'n plak in hûs boud waerd. Ek op 'e helling hearden se timmerjen wol fan tofoaren.
nl.verhalenbank.38437
Keke stie op in nacht yn 'e ûnderbroek nei in lyk to sjen op 'e hoeke fan 't Wyldpaed, sa hurd moest er doe út bêd wei. Hy hie gjin tiid mear om 'e broek oan to dwaen, hwant dan kom er to let.
nl.verhalenbank.20452
Knjillis Veenstra wenne yn Sweagerbosk. Wy seinen altyd Bontsje Keke, ek wol âlde Keke. Heit en dy wienen us op in nacht om twa ûre byelkoar bûtendoar. Mei in stik of hwat oaren soenen se nei Grinslân ta nei de bou. Keke wie der ek by. Doe sei Keke ynienen: "Gean achter my. Toe, fan 'e wei ôf, hwant der komt hwat oan." Heit en dy seinen: "Der is ommers...
nl.verhalenbank.20447
Us heit seach de dingen ek foarút. Fan ús Baeije hat er de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen. Hy hat it leefolk sjoen en hy hat ek sjoen, dat se har biklaeiden. Baeije
nl.verhalenbank.20451
Skoanmem wenne yn 'e buert fan Beerta yn Grinslân. Op in joun seach hja dúdlik in bigraffenis. Hja koe de minsken, dy't achter it lyk oanroannen. In dei of hwat letter wie de èchte bigraffenis der. It kloppe allegear krekt.
nl.verhalenbank.32726
Hja hat it ek sjoen fan ús Jeltsje. Doe wie se sa raer gesteld. Doe't se dy nachts op bêd lei, seach se it leefolk en in lyk. Sy gong der ôf. Doe kommen se der oan en setten de kiste yn 'e keuken. De oare moarns kom Jeltsje by har. "Hoe is 't mei mem, leave", frege se Joukje noch. "Goed", sei Joukje. Jeltsje gong deselde moarns nei Bútenpost en dêr rekke...
nl.verhalenbank.20450
Op alle binnenwegen yn 'e Mouneein spûke it. By nacht doarsten de measte minsken dêr net lâns. Nei Readtsjerk gong men troch de bosk. Dat bosk hiet Grikenlân. Dêr wie in hazzepaedtsje, dêr't net ien lâns doarst. Dêr wienen 't allegearre lûden. As men dêr in katûle hearde wie dat in faei teken. Dat bitsjutte in ûnk of in slimme sykte.
nl.verhalenbank.32190
As men wylde lantearnen sjocht, dan komt der hwat to dwaen. Dan sil der boud wurde. Doe't de Wedze noch modder wie, tilde it dêr fan 'e wylde lantearnens. Dat binne ljochte fûgels. Dan komt der fan alles. Der is èk fan alles kom: Hurde wei, fytsen auto's, in stasjon. Foardat dat der allegear wie gong it dêr ôfgryslik oan wei.
nl.verhalenbank.19664
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
As eksters skatteren by hûs, dan wie der binnen de 3 dagen in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32191
Wy wennen oan 'e betonwei yn 'e Harkema. Op in nacht woarde der tichte by ús hiel bot timmere. It hearde krekt as wienen der wol in man of sawn oan 't wurk. Ik sei: "Hwat giet it der dêr oan wei." Der stie net in inkel húske om ús hinne. Letter hearden wy neat mear. Mar ridlik gau dêrnei kommen dêr nije huzen to stean.
nl.verhalenbank.19458
Alde Metske-smit wie op in jountiid mei oare minsken op 'e wei. Doe sei er: "Jimme matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." In dei of hwat letter wie dêr in èchte lykstaesje. 't Gebeurde op 'e Wâl. Metske wie mei helm geboaren. Hja seinen, dat Jehannes Meerstra ek mei de helm geboaren wie.
nl.verhalenbank.38440
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein. Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
In minske mat nachts net midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin 't gebeure dat er foar by in lykwein oprint en der achter by delfalt, en dan kin er in rare smeet meitsje.
nl.verhalenbank.22970
Steffen Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der yn 'e nacht út. Dan seach er lykstaesjes. Hy wist altyd fan tofoaren as der wer ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.20020
35