Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
42 datasets found
Dutch Keywords: voorloop spoor
H.E. Eduard: n Oortmöskediek en de spoorlien en zuk ding, he, dee konn de leu a mangs van te vuurtn zeen ankomn, dan zöagn ze ok eargns n lechtke duur t veald hengoan, terwijl at der toch genne spoorlien was. E.M.: Oh joa, dat was vrower ok doe den tram hier vrower kwam, nich, doe hadn ze ok al dee lechtkes zeen, nich, al dee lechtkes zeen en later doe...
nl.verhalenbank.128536
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net. Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
Knjillis Veenstra wenne yn 'e Westerein by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren en moest faek yn 'e nacht út bêd wei om hwat to sjen. Hy hat him der wol hiel bot tsjin forset, dan wòed er lizzen bliuwe, mar 't joech neat, der wie in macht dy't him dreau. Hy hat fan tofoaren sjoen, dat syn eigen dochter fordronk. Hy doarst it net tsjin 't âld-minske to...
nl.verhalenbank.21286
Us heit seach froeger wylde lantearnen oer de heide, op in rige. Letter wie dêr de trambaen. De ljochtsjes, dat wienen de forljochte coupé's.
nl.verhalenbank.33251
Sa'n fyftich à sechstich jier lyn seagen guon út 'e Kompenije fan tofoaren de ljochten en sy hearden de lûden fan 't spoar, dat dêr lâns komme soe. Ek oan 'e Folgerster loane ha guon it wol heard en sjoen. ('t Wie de tram)
nl.verhalenbank.26931
Ek in kear, doe hearden dyselde omke en muoike hiel dúdlik dat it spoar dwars troch 't lân hinne gong. Letter is der in wei kaem, mar de spoarlijn mat altyd noch komme.
nl.verhalenbank.33323
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Us mem kom fan Hurdegaryp. Mem fortelde, sy hienen dêr dúdlik it puffen fan 'e trein al heard, fier fantofoaren foardat hy der wie. Krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.27552
It is sahwat krekt hûndert jier lyn. Heit wie noch feint, hy wenne by pake yn. Op in joun kom er thús mei de wein, dêr't er in pear jonge hynders foar hie. Pake wenne op in spultsje krekt oer 't spoar hinne. Mar it spoar wie der doe noch net. Doe't er oer it plak hinne ried, dêr't letter it spoar kom, wie der ynienen in heislik lawaei yn 'e loft. Heit...
nl.verhalenbank.17095
Bontsje Keeke (= Cornelis Veenstra) wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Op in kear hied er nei de Wedze ta west, hwant hy wie mei de helm geboaren. Hy moèst dêrhinne. Op 'e weromreis gong er by ús mem oan, omt dy èk fan 'e Westerein kom en doe fortelde er mem, der soe oan 'e Wedze in ûngelok gebeure. Dat hie er sjoen. In wike letter tûmele dêr ien ta de...
nl.verhalenbank.23899
In 't begin dezer eeuw sprak men hier te lande dikwijls over een z.g. "scheuvellooper" (schaatsrijder) door de lucht. Men meende af en toe een gegier en gefluit te hooren - meestal 's nachts - en toen het spoor hier werd gelegd, wist men wat die scheuvellooper daar had verricht: hij had een voorspelling gedaan - daar behoefde niemand meer aan te twijfelen.
nl.verhalenbank.34659
As wy moarns ier de skiep nei Ljouwert ta dreauwen, hearden wy oan 'e oare kant Hurdegaryp dúdlik timmerjen. It wie yn myn jonge jierren. Letter is dêr it spoar kom.
nl.verhalenbank.32449
It gebeurde in pear jier lyn. 't Wie yn 'e winter, der lei snie. 't Wie op 'e neimiddei. Ik hearde in protte lawaei op 'e wei en by ús op it hiem. Ik hearde ek in greate auto. Doe't ik op it hiem kom wie der alhiel neat to sjen. En doe't ik de oare moarns doe't it ljocht wie, nei spoaren socht yn 'e snie, wienen dy der net. Doe wist ik it oare wol. De...
nl.verhalenbank.21435
Hjir wie in âld minske, dat seach us op in kear in ljochtsje by har yn 'e keamer. Mar doe't se der nei gripe soe, koe se it net krije. Doe joech it in stik lûd krektsa as hwannear't der in trein oer de rails glydt. Dat hat de foarboade west fan 'e trein.
nl.verhalenbank.19627
Knjillis Veenstra wie in omke fan my. Dy moest alles sjen. Dat hied er ta straf krige. Hwant hy wie yn syn feintejierren och sa wilewalich en in forwoest man. Hy hat njoggen bern forlern en dat hat er allegear foarsjoen. Seis wiken fan tofoaren hat er it wol foarsjoen. Dan wie hy der nachts ôf en harke der nei as dy en dy noch wol leefde. Fjouwer...
nl.verhalenbank.19424
Hjir wennen minsken dy ha fan tofoaren it spoar riden heard, foardat it der wie. De âlde minsken seinen, der soenen weinen komme/ride sûnder hyns der foar. Dat wienen de lettere auto's, dy't se doe al sjoen hienen.
nl.verhalenbank.29530
Pake fan Readtsjerk wie oan 't turfmeitsjen tusken Readtsjerk en Feanwâlden. Doe hearde er gebolder yn 'e loft. Doe sprong er út 'e feandobbe wei op 'e kant om to sjen hwat it wie. Doe seach er in wolkje oan 'e loft, dêr kom it gebolder út. It oare jiers kom de trein der. Dy makke krekt itselde lûd. It hie dus foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.20926
Myn mem kom fan Wâlterswâld. Yn 'e tiid doe't sy jong wie ried der noch gjin trein. Mar krekt fan tofoaren, doe't der sprake fan wie dat se 't spoar oanlizze soenen, hearden se, as se yn 'e hûs sieten, it lûd fan 'e ridende trein. Dat wie foargedrûs.
nl.verhalenbank.38172
Dêr't nou it spoar lâns giet, dêr seagen de lju hjir froeger ljochtsjes by jountiid, dy't der oan kamen. Dat hat foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.37641
Guon seagen de tramljochten (fan 'e tram fan Feanwâlden nei Dokkum) fan tofoaren. Ek it spoar fan Ljouwert nei Grins ha guon fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.37866
35