145 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Drachten
As de ierdmantsjes it tige drok hienen, krige men in fruchtber jier, waerd der sein. Der waerd by ús sein dat der in âlde widdou by ús wie, dy't nachts it wurk troch de ierdmantsjes dwaen liet.
nl.verhalenbank.23490
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen. Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
Yn 'e buert fan 'e Poffert en 'e Pankoek oan 't Knjillisdjip ha guon minsken us in stem út it wetter heard. Dat fortelde ús in âld minske. Der woarde sein: "De tijd is verschenen, en de man is der niet." It duorre even, doe wie der in keardel op in hynder oandraven kom yn fliegende faert. Doe rekke 't hynder op 'e kop yn 'e feart en 't fordronk mei de man...
nl.verhalenbank.24658
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Der wennen minsken yn Grinzer Pein. De man en de frou leinen op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat giet it hjir dochs op in timmerjen." Sy hearden klear dat der mei planken smiten woarde. Sy hienen mar ien buorman, dy wenne oan 'e lofter kant. Mar it timmerjen kaem fan 'e rjochtse kant, en dêr stienen gjin huzen. Hja der ôf om...
nl.verhalenbank.24659
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe. As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden. As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage. Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen. Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?" "Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer." Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Hjir yn Drachten wenne ik jierren lyn by moeke Boulier. Moeke Boulier koe mear as in oar en hja wist ek mear as in oar. Hja seach allerhande dingen foarút. Op in kear fortelde se, oan 'e oare kant de wei soe in great kanael komme en dêr soenen pakhuzen boud wurde en greate hotels. Dat is nou sa'n 60 jier lyn dat hja dat fortelde. Ik ha letter wolris...
nl.verhalenbank.37800
Sa'n fyftich à sechstich jier lyn seagen guon út 'e Kompenije fan tofoaren de ljochten en sy hearden de lûden fan 't spoar, dat dêr lâns komme soe. Ek oan 'e Folgerster loane ha guon it wol heard en sjoen. ('t Wie de tram)
nl.verhalenbank.26931
Op 'e Bearne-wyk - dêr is ús mem geboaren -, dêr wie 't yndertiid allegearre bosk. Us Sake-omme wie dêr alris mei noch ien. Hy hat it my sels forteld en 't wie gjin man om to ligen. Sy hearden der ynienen in lawaei op 'e Bearnewyk, it wie ôfgryslik. Troch de hiele bosk, njonken har wienen oer in stripe fan twa, trije meter distânsje de beammen oan 'e...
nl.verhalenbank.26065
Ik wie sechstjin jier âld, doe bin 'k nei Dútslân ta rekke. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, doe seach ik op in nacht klear dat der trije arbeiders oan kommen. Ik lei op bêd. 't Wienen arbeiders út Hollân. De iene hie in broek oan mei in oar stik yn 'e knibbel. Trije dagen letter wienen se der. Dy mei in forsette knibbel yn 'e broek wie in neef fan my.
nl.verhalenbank.23492
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Wy seagen oan 'e Dwarsfeart froeger wol us wylde lantearnen. Dy sweefden boven de lânnen. Mar hwat dat to bitsjutten hie, wyt ik net.
nl.verhalenbank.19691
35