Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: voorgezicht Place of Narration: Opende
Guon wurde mei de helm geboaren. Sokken sjogge fantofoaren bigraffenissen. Dan stjert der gauachtich ien. Sokke minsken wurde twongen om it to sjen. Sy kinne dan net op bêd bliuwe. Minsken matte jouns noait midden op 'e wei rinne. Hwant soms komt der in lykstaesje oan. Dan kinne se sa gau net fan 'e wei ôf komme. Dan geane se foar by de lykwein op, rjocht...
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme. Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme. Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert. Hja wie mei de helm geboaren. hja...
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
Myn man en ik wennen hjir flak by. Doe't dit hûs noch boud wurde moest, hearden wy fier fan tofoaren nacht op nacht it timmerjen al.
nl.verhalenbank.16132
Boardzer Bruining (soan fan Thomas Klare - sjoch Kollumersweach) wennet op 'e Houtigehage en is mei de helm geboaren. Op in nacht sei er tsjin syn wiif Duotsje: "Ik mat der wer út, ik wurd kloppe." Doe't er wer thús kom, wied er sa wyt as sûpe. "Ik haw in lykstaesje sjoen", sei er. "Der lei in plak wetter op 'e wei, dêr stapte it hynder om hinne." Deselde...
nl.verhalenbank.16131
Hjir op 'e Skieding stie in âld húske. Op in kear kom pake thús. Doe sei er tsjin heit en dy: "Doe't ik by dat húske lâns kaem, knapte en krêke it dêr en it wie ien fjûr allegear fjûr. Sahwat in tritich jier letter is 't húske ôfbrând.
Wy ha hjir yn 'e buert yn in âld hûs wenne. "Sjoch," sei 'k op in joun tsjin ús mem, "it binne dêr allegear ljochten." "Ja," sei se, "dêr kin wolris in drokke wei komme." In jier twa, trije lettere is dy wei der kom.
Yn de Pein ha wol guon west, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen fan tofoaren lykstaesjes, mar ik wit der gjin foarbylden fan to neamen.
0