Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
56 datasets found
Dutch Keywords: voorgezicht Place of Narration: Harkema
Letter hat er wer us hwat sjoen, doe kom er ek by my wei. Dat wie noait liker as wie 't in auto of in rydtúch of sa. 't Wie heger as in gewoane wein en 't stie by harren thús foar de doar. Letter ha se syn heit (healwize Gradus) nei Wagenborgen ta brocht. Doe kom der echt in auto foar de doar. Dat hat it grif west.
nl.verhalenbank.15877
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
As in minske in sykte ûnder 'e lea hat, dêr't er mei gauwens oan stjerre sil, dan gûle de hounen.
nl.verhalenbank.16827
Alde Bouke Schievink rekke in ponge mei jild kwyt. Hy gong nei Antsje Snipel ta, dy seach mear as sljochtwei. Antsje sei: "Dû hoechst net bang to wêzen. Dat jild krije jim troch de bern wol wer." De maitiids dêroan rekke de dochter oan 't húshimmeljen. Doe kom de ponge mei jild út it strie fan 't bêdsté wer foar 't ljocht.
nl.verhalenbank.17454
Yn 'e Surhústerfeanster Mieden wenne in húshâlding mei bern. It gebeurde al us op in nacht, wylst de man net thús wie, dat de frou in kiste seach. Dy woardde ta 't hûs yn brocht. Sy foun it fremd, hwant sa'n kiste wie foar har of har man to lyts en foar de bern wied er to great, dat sy bigrypte der neat fan. Doe't de man thús kom, fortelde se hwat der...
nl.verhalenbank.17455
Hjir achter is us in stjelpke opbrând, dêr wenne âlde Tsjerk Witteveen yn. Us hûs stie der njonken. Ik hie nei myn broer ta west en kom de jouns om alve ûre hinne dêr wei. Doe seach ik fan fierrens al dat stjelpke yn 'e brân stean. Ik roan ta om der mar sa gau mooglik to wêzen. Mar doe't ik der njonken wie, wie 't út. It brânde hielendal net. Trije wiken...
nl.verhalenbank.16940
Froeger hat der in wettermoune stien by de Wide Petten, op 'e Polderdyk. Op in joun om 8 ûre kom ik thús. Ik seach de moune brânnen. Hy stie yn ljochte lôge. Ik fortelde it oan 'e minsken. Mar de oare moarns stie hy der noch, hy wie net ôfbrând. Mar it oare jiers, op in moarntiid mei in dikke bui en in stoarmwyn doe rekke de moune los, doe koe de mounder...
nl.verhalenbank.16820
It sechje giet, dat der yn 'e Liuwepoel to Harkema in bern fordrinke sil mei read hier en in brún jakje oan. Ien hat dit as foartsjirmerije sjoen.
nl.verhalenbank.15521
Piter de Graaf moest der nachts út. Dan seach er lykstaesjes. Hy koe samar sizze: yn dat en dat hûs giet ien dea.
nl.verhalenbank.24884
Alde Janke Houneloper hat in goed sawntich jier lyn in fanke sjoen mei in read skelkje foar, dat forsûpte yn in poel. (Dy poel is der net mear. Dy wie sahwat op 't plak dêr't nou it jeugdgebou stiet) Koart dêrnei is myn suster fan trettsjin jier dêr by 't reedriden op dy poel troch 't iis sakke en fordronken. Sy hie in read skelkje foar. Geeltje Elzinga...
nl.verhalenbank.17385
Us mem sei faek, as de klok op in deadske menier lette: "Der hinget in deaden oan 'e bingel." Dan kom der in deaden letter.
nl.verhalenbank.15627
Us heit hat as feint us nei Ljouwerter merke ta west, en dear hat er foar de swarte spegel stien. Allerearst seach er in faem, dy hie roetswart hier. Dat is letter syn wiif woarn. Doe seach er in greate kiste. Dat wie syn eigen deakiste. Doe seach er trije bernekisten achter elkoar. Dat is ek útkom, heit en mem ha de earste trije bern forlern. En doe...
nl.verhalenbank.15632
Rinse Loonstra wenne achter ús, doe't wy noch oan 'e Lange Wyk wennen. (Yn dat húske wennet nou Eise Det). Dy seach altyd fan tofoaren dat der brân wie. Dêrom neamden se him altyd Rinse Brander.
nl.verhalenbank.22713
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379
Ik ha de lampe fan ús hûs fan tofoaren brânnen sjoen, doe wie 't hjir oars net as heide. It wie in hinglampe.
nl.verhalenbank.16067
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke. Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet. Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol. Krekt yn...
nl.verhalenbank.22304
Us beppe fortelde - en sy hie it wer fan har beppe - , dat op in dei wjerljochte en tongere it hiel bot. En doe kom der in greate fjûrbol oan 'e loft. En doe hie der in stim west, dy't sei: "Friesland zal het langst bestaan, maar Friesland zal het zwaarst vergaan." (opm. A.A.J.: nei alle gedachten in profesije út it boekje fan Intsje Jans)
nl.verhalenbank.15621
Gjert van der Wyk wie mei hwat jongfolk op 'e wei. Doe seach er in lykstaesje. Hy koe alles ûnderskiede, alle persoanen, hwat se om en oan hienen en al sa mear. Letter kom der op dat selde plak yn werklikheit in lykstaesje. It wie allegear krektengelyk. Gjert seach it. Mar hy sei, der is ien hynder en wein to min. Mar even letter kom Buma der noch oan mei...
nl.verhalenbank.16880
Alde Janke Mozes wie mei de helm geboaren. Dy seach alles foarút. Dy hat ek fantofoaren sjoen dat it hûs, dêr't skoanmem en dy yn wenne ha, opbrânde.
nl.verhalenbank.17395
Alde Karst Westra wie kûgelfrij. Dat kom trochdat er sa froom wie. Hy wie yn 'e oarloch, dat is wol hûndert jier lyn. Op in joun sei syn maet tsjin him: "Soenen wy noch wol kûgelfrij wêze, Karst?" Doe sei Karst: "Dû leiste moarn tsien ûre. Mar ik stean hjir yn 'e namme des Hearen Heare." Hy seach it yn in fisioen. 't Kom ek sa út. De oare moarns tsien ûre...
nl.verhalenbank.16935
35