Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: voorgezicht toverij
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Bijlage De duivelbanner Een 70 jaar geleden woonde de duivelbanner, die in Steggerda geroepen werd, in de Knijpe, ten O. van Heerenveen. De Knijpe lag van Steggerda af zo ongeveer 15KM. En alles moest lopende gebeuren....
nl.verhalenbank.14823
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme. Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert. Hja wie mei de helm geboaren. hja...
nl.verhalenbank.32014
Piter Poes wie duvelbander op Sumarreheide. Kamen der minsken by him dy't thús lêst hienen fan tsjoenderije, dan sei Piter Poes: "Ik hie jim al forwachte." Dan gong er mei dy minsken mei. In tsjoenster, seinen se, koe har foroarje yn in kat. Se koe ek op in biezemstôk troch de loft fleane.
nl.verhalenbank.32118
In boer op it Wytfean hie in blastige koe. Hy gong nei it Swartfean, nei Hinse. Dy joech him guod mei, mar it bikom net. Doe gong de boer wèr nei 't Swartfean. Hinse sei: "Op it stuit wjerkôget dyn koe noch net, mar astû aenst thús komste is er oan 't wjerkôgjen. En it kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.20079
Yn ien fan 'e polderketen dy't oan 'e Geeuw stienen wie in berntsje forstoarn. 't Wie yn 'e winter en der lei allegear iis. Hja koenen net mei 't lykje nei 't Wêst ta farre, der moest earst iis weislein wurde. Doe't se dêr mei dwaende wienen, kom âlde Martens Ale by har en dy sei: "Jimme hoege it iis der net wei to slaen. Ik ha 't al sjoen. It iis is al...
nl.verhalenbank.15589
Doe't ik noch in bern wie, wie der ien fan ús al us in kear bitsjoend. Doe gong ús heit mei it wetter fan it bern nei greate Wopke ta. Wopke joech heit in drankje en dêr gong heit mei werom op hûs ta. Mar ûnderweis wie der ynienen hwat by him opsprong. Hwat it krekt west hie, wist er net, mar it drankje, dat er yn 'e bûse hie, rekke dêrtroch stikken, en...
nl.verhalenbank.21770
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
nl.verhalenbank.30093
Anders van der Sluis fan Eastemar kom us to stean foar de swarte spegel. Doe seach er yn dy spegel in deakiste. 't Wie de deakiste fan syn eigen wiif, dat koarte tiid dernei weirekke. It wie syn earste wiif. Letter is Anders wer troud mei Sytske.
nl.verhalenbank.20183
Myn neef Wessel wenne yn it Wyldfjild. Hy fortelde my: Ik gong altyd in bulte to streupen. As ik nachts thús kom, wienen 't by ús allegearre katten om 'e doar. Baeije, myn wiif wie altyd siik. Dy tsjirme. As ik dan nachts dy katten allegear seach, koe 'k it net litte en sjit der op. "Skeatstû noch?" sei Baeije dan. "Ja," sei 'k, "ik woe de patroanen út it...
nl.verhalenbank.24697
35