Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: voorgezicht stem
Mem wist fan tofoaren dat se ús Minne forlieze moest. Dat hie se sjoen. Minne wie 19 jier doe't er stoar. Dêr hie mem it hiel bot mei to dwaen. Hja wie hast in bytsje forstandeloas, sa slim wie 't. Krekt fóár syn dea sei mem tsjin him: "Is 't goed mei dy, Minne?" "Jawol," sei Minne, "ik kom goed toplak." Mar mem wie dêr net gerêst oer. Hja twifele der oan...
nl.verhalenbank.32827
It is us gebeurd yn Earnewâld, dat der in boat oer 't wetter farde. Guon op dy boat hearden dúdlik, dat der in stim yn it wetter wie, dy't sei: "De tijd is er, en de man is er niet." Doe't dyselde boat in wike letter wer op itselde plak wie, farden se in man oer, dy't fordronk.
nl.verhalenbank.15590
Us beppe fortelde - en sy hie it wer fan har beppe - , dat op in dei wjerljochte en tongere it hiel bot. En doe kom der in greate fjûrbol oan 'e loft. En doe hie der in stim west, dy't sei: "Friesland zal het langst bestaan, maar Friesland zal het zwaarst vergaan." (opm. A.A.J.: nei alle gedachten in profesije út it boekje fan Intsje Jans)
nl.verhalenbank.15621
To Readskuorre by 't Fallaet, dêr't Klaes Postma wenne hat roan al ris in âld-feint lâns om syn wask op to heljen. Doe hearde er dêr út 'e feart wei roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet!" Doe't er werom kom is er op itselde plak forsûpt.
nl.verhalenbank.15671
Doe't heit stoarn wie en mem weromkom fan 'e bigraffenis hat se dúdlik heard: "Het zwaard zal van uw huis niet wijken." Dearnei binne der trije bern stoarn.
nl.verhalenbank.15670
35