Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Guon hearden hjir froeger de dea klopjen. As der trije kear kloppe woarde, dan koe men der mar fan op oan dat de dea jin ophelle.
nl.verhalenbank.24840
As de sémearmin sjongt is der min waer op til. Dan forgiet alles. De sélju binne der deabinaud foar.
nl.verhalenbank.25294
Heit woe noait lije, dat wy froeger by jountiid of by nacht midden op 'e wei roannen. Sels gong er ek altyd yn 'e berm lâns. Men koe ris tsjin in lykwein oprinne, wie syn sizzen altyd.
nl.verhalenbank.25083
Yn 'e Koaten wenne in boer, dat wie âlde Bartele van der Ploeg. It gebeurde wol dat se dêr yn 'e nacht yn 'e skuorre oan 't terskjen wienen. Dat hearden se dúdlik. Mar yn werklikheit woarde der pas de oare deis terske.
nl.verhalenbank.25123
Op in nacht yn 1913 of 1914 stienen der twa feinten om sa'n tolwe ûre hinne op 'e Skoallehoek yn Broek ûnder Ikkerwâld (nu Broeksterwoude). Doe hearden se ynienen alle klokken fan 'e omlizzende doarpen lieden. Hja seagen alle kanten út, hwant hja tochten net oars of der koe wolris in greate brân wêze. Mar der wie neat to sjen.
Yn 1914 doe't de earste...
nl.verhalenbank.25078
Myn suster Harmke hat in great-dochter forlern, in fanke fan fjirtsjin à fyftsjin jier. Sy wennen yn 'e Westerein oan 't kanael. Harmke bigearde dat it bern soe op it tsjerkhôf yn Ikkerwâld biïerdige wurde.
It lyk kom op in boerewein, lyk as de gewoante wie.
De minsken kommen yn in lange wein, in Janplezier, mar it reinde sa bot, dat sy koenen net it...
nl.verhalenbank.25285
As in houn spûkgûlt, mat der ien stjerre.
As de katûl ropt ek.
As de spinnen tikje tsjin 't bihang (wylde horloazjes), dan komt der ek in sterfgefal. "De wylde horloazjes tikken my wer sa yn 'e mûtse," sei mem, "ik wist wol dat der in sterfgefal komme soe." (doe wie der in famyljelid stoarn)
As de spegel falt, dan gebeurt der hwat slims.
As de eksters...
nl.verhalenbank.25119
Froeger seagen wy yn Broek faek wylde lantearnen.
Sy ha wol by ús oan hûs ta west.
"Dêr komt wer in hûs", seinen se dan.
Dy wylde lantearnen wienen altyd yn biweging.
nl.verhalenbank.25125
Yn 'e Westerein is ien forsûpt yn 'e Swâdde. Lytse Roel van Kammen hat it fan to foaren sjoen en heard yn 'e nacht. Hy hearde ien roppen en seach froulju mei wite mûtsen op dy't jammeren.
nl.verhalenbank.25114
Doe't beppe tige min wie ha se dêrby wekke. Beppe hie de kanker. Tidens it wekjen wie der op in nacht yn 't bûthús in gerattel fan jewelste en 't wie krekt as foel der hwat. Doe't se der hinne gongen to sjen wie der neat. In skoftsje letter stoar beppe. Mem en Mink-muoi en noch ien wienen der by. Dy ha har ôflein en biklaeid. Lytse Syberen wie timmerman,...
nl.verhalenbank.25111