Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren.
Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
Ierde Prins fan 'e Westerein hie forkearing mei in faem yn Twizelerheide. Forskillende kearen is 't him oerkaem, dat er ûnderweis in lykstaesje seach. Dat wie dan altyd yn 'e nacht. Ierde sei dan tsjin dy minsken Goedenavond, mar hy krige noait gjin antwurd werom, hwant it wienen gjin èchte minsken.
nl.verhalenbank.30364
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
nl.verhalenbank.24649
Ik hear by de 'Heiligen der laatste dagen'. Wy wennen yn in hûs, dêr siet gâns rûmte yn. Dêr hat in winkel yn west. Op in nacht sei 'k tsjin ús mem: "Mat mem ris hearre, sa moai binne se oan 't sjongen." It wie flakby.
Sahwat twa jier letter waerden der yn 'e keamer fan ús hûs byienkomsten hâlden fan 'e 'Heiligen der laatste dagen'.
By dy byienkomsten...
nl.verhalenbank.36517
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme.
Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.32017
De dochter fortelt: "Fan 'e wike kom mem hjir by ús yn 'e stâl. Doe sei se yn har sels: 'Hwat dogge dy trije keallen hjir?'
Ik hearde dat en ik sei: 'Hoe komt mem der by, de stâl is ommers leech.' Mar de oare deis sette myn man trije keallen op stâl. Sy hie 't wol goed sjoen."
nl.verhalenbank.24846
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?"
Hwant der wie neat to sjen.
Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure."
Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Ik hie in âlde pake, dy wenne yn Sweagerbosk. Hy wie timmerman. Hy sei op in moarn: "Der hat fannacht sa'n getimmer west, hjir flak by yn 'e buert, der sil grif wer hwat gebeure."
In skoft letter waerd der njonken him in hûs boud.
nl.verhalenbank.36516
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard.
Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Yn Sânbulten hearden de minsken al fier fan tofoaren de trein oer de rails hinne gliden, doe't der noch gjin sprake fan in trein wie.
nl.verhalenbank.29634
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
In haar omgeving worden zwarte katten en zwarte honden, ook wel hellehonden genoemd, geassocieerd met onheil. Ook wist ze te vertellen dat een groep zwarte kraaien een aankondiging/bode zijn van de dood.
"Ook wordt er verteld dat als een spin een scheur maakt in zijn eigen web dit betekent dat er een storm op komst is. Dit schijnt echt zo te zijn omdat...
nl.verhalenbank.42877
As ik oer hynders droom komt der altyd in sterfgefal yn ús famylje. Hwat kalmer as dy hynders binne, hwat langer it duorret mei sa'n sterfgefal.
As de hynders wyld binne komt sa'n sterfgefal hiel gau. Dan komme de hynders wyld op my ta. 't Komt altyd út.
nl.verhalenbank.24258
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Der wenne in âld man op 'e Sânbulten, dat wie Bontsje Keke. Dy hat in min leven hawn. Dy moest ek alles fan tofoaren sjen en dan koed er net op bêd bliuwe. Dan mòest er der út.
Op in nacht seach er dat syn soan dea yn in apelbeam hong. Dy hie himsels ophong. Keke seach it wylst er op bêd lei.
De oare deis moest Keke der op út. De jouns kaem er thús. Doe...
nl.verhalenbank.29733
Hjir wie in âld minske, dat seach us op in kear in ljochtsje by har yn 'e keamer. Mar doe't se der nei gripe soe, koe se it net krije. Doe joech it in stik lûd krektsa as hwannear't der in trein oer de rails glydt. Dat hat de foarboade west fan 'e trein.
nl.verhalenbank.19627
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net.
Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Myn famke seach op in kear by Piter Vries - dy wenne oan 'e Skûlenburchsterwei de kleden ticht foar de glêzen.
It wie sa stil en sa deadsk allegear. Sy sei: "Dêr is hwat gebeurd." Twa dagen letter is der in famke fan Piter Vries troch in oanriding dea rekke. Doe kom se yn dyselde keamer to lizzen yn 'e kiste mei de kleden ticht, krekt sa't myn famke it...
nl.verhalenbank.22841
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde."
Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt."
It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea.
De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791