Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
75 datasets found
Dutch Keywords: voorbode dwaallicht
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Hjir flakby wie froeger in âld modderwei. Dêr seagen wy froeger wylde lantearnen, soms wolris acht tagelyk. "Dat is foartjirmerije," seinen se, "dat komt letter nei." En dat is ek gebeurd. Der is nou in hiele rige strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.24315
Op in joun seagen wy by de Skieding wylde lantearnen. Dy bleauwen dêr op trije plakken stean. Op dy trije plakken kommen letter twa hûzen en in skoalle. De skoalle stiet der noch, de huzen net mear. 't Wie op 'e Skieding fan Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.25396
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
Ik bin geboaren yn Ikkerwâld, mar ik wie al gau wees en bin doe yn Moarmwâld greatbrocht. Tusken de Broekster strietwei en Moarmwâld, dêr wennen wy, in eintsje fan 'e wei ôf. As bern sieten wy jouns faek yn 't tsjuster foar 't finster. Dan fleagen der fise-ferse ljochtsjes op 'e greate wei foarby. Mar dy wienen der yn werkelikheit net. Dat hat...
nl.verhalenbank.24707
Wylde lantearnen woarden der yn 'e Legauke sjoen. De minsken roannen der hinne om der by to kommen, mar dan wienen se fuort. Dat wienen letter de fytsljochten.
nl.verhalenbank.21904
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
Oan 'e Keale wei stie in hûs. Doe't dat der noch net stie ha myn skoanâlden dêr wit hoe faek in ljochtsje brânnen sjoen. Dat wie foartsjirmerije. Letter is datselde hûs wer ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.20366
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
nl.verhalenbank.32821
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
Yn 'e Sweagermieden seagen se froeger allegear ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Yn letter tiid binne dêr allegearre wegen oanlein, en dêr fljogge nou de auto's en de fytsen ensa lâns. Dêr ha dy ljochten de foarboaden fan west.
nl.verhalenbank.29805
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Alde Bearn v.d. Woude wenne yn 'e Parken. Hy fortelde, dat hy seach dêr in ljocht, dat biweegde fan Oast nei West. 't Wie op in joun. Syn frou wie syklik, dy lei op bêd, dy rôp hy der ek by, doe seach dy it ek. 't Wie in wylde lantearne. Letter kaem de tram dêr lâns, dêr wie 't de foarboade fan.
nl.verhalenbank.31939
Der hienen minsken to ierappeldollen west, dy kamen op in joun thús fan har wurk. It hûs, dêr't nou Tamme Hedzers Hooijenga wennet (myn broer) stie der doe noch net - it hat sahwat yn 1870 west - doe rounen dy minsken troch in âlde drûge sleat, dwars oer, dat wie it koartste. Doe sei der ien: "Sjoch, dêr stekt ien de tútlampe op." Dat wie op 't selde sté,...
nl.verhalenbank.31642
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen wienen de foarboaden fan 'e fytsen en de auto's.
nl.verhalenbank.22991
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net. Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Ek sei se in kear: "Ik ha allegearre ljochtsjes sjoen, dy't biweegden. Der komt hjir foroaring." Doe kom dêr letter in hurde wei, dêr't de auto's lâns snuorren.
nl.verhalenbank.22289
35