Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: volgende Place of Narration: Veenwoudsterwal
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Tsjoensters foroarje har yn katten. Hjir stiet in hûs, dêr siet ris op in joun in fremde kat yn 't finsterbank bûten to harkjen hwat der bipraet woarde. As se him fuortjagen, kom er wer. Doe ha se him in opstopper jown. De oare moarns wie hjir op 'e Wâl in âld minske kreupel.
nl.verhalenbank.38227
Op 'e Hoek, by de wei nei de Hoekswâl wennen mem en dy. De buorfrou wie siik en lei op bêd. Doe hearde mem op in joun klopjen. Mar der wie net ien. Doch hie mem it klopjen dúdlik heard. De oare jouns waerd der wèr kloppe. Mar doe wie 't wòl echt. "Hwa is der?" sei mem. Doe wie 't Sibe, de buorman. Hy kaem to sizzen, dat syn frou overleden wie.
nl.verhalenbank.38193
Op in nacht, doe't ik op bêd lei seach ik allegear hege huzen. De oare deis krige myn broer in ûngelok en moest nei 't sikenhûs ta yn 'e stêd. As jo yn in droom hege huzen sjogge, mat der altyd ien út 'e húshâlding nei 't sikenhûs ta.
nl.verhalenbank.38195
Op 'e Wâl roan us in grouwe kat. In feint skopte nei dy kat en rekke him ek. In hûs of hwat fierder wenne in âld-minske. Dy koe har yn fan alles foroarje en oeral trochkomme. Dat âld-minske wie de oare deis gewond.
nl.verhalenbank.16810
35